De sturt fan de bear
Der wie ris in fisker dy’t syn brea fertsjinne mei it suteljen mei fisk, dy’t er sels fong. Alle dagen lade hy syn fangst op in karre dy’t troch hynders lutsen waard en ried er by syn klanten lâns.
Lês fierder …
Der wie ris in earme mûnder dy’t in kreaze dochter hie. Hy rekke tafallich ris mei de kening yn petear en om te swetsen sei er : ‘Ik haw in dochter dy’t fan strie goud spinne kin.’ De kening sei tsjin de mûnder : ‘Dat fyn ik in moaie keunst ; as jo dochter sa tûk is as jo sizze, bring har dan moarn nei myn kastiel, dan sil ik har ris hifkje.’
Lês fierder…
Der wie ris in leaf, lyts famke. Elkenien dy’t har seach, mocht har graach lije, mar har beppe hold wol it aldermeast fan har. Hja wist sljochtwei net wat se it bern allegear jaan moast. Op in dei joech se har in mûtske fan read ferwiel, en om’t it har sa goed stie en hja neat oars mear drage woe, hiet se tenei Readmûtske.
Lês fierder…
Der wie ris in fisker dy’t syn brea fertsjinne mei it suteljen mei fisk, dy’t er sels fong. Alle dagen lade hy syn fangst op in karre dy’t troch hynders lutsen waard en ried er by syn klanten lâns.
Lês fierder…
Der wie ris in fisker dy’t syn brea fertsjinne mei it suteljen mei fisk, dy’t er sels fong. Alle dagen lade hy syn fangst op in karre dy’t troch hynders lutsen waard en ried er by syn klanten lâns.
Lês fierder …
De dochter fan de kening hie in glânzjende gouden bal, dêr’t se graach mei boarte. Se goaide him heech yn de loft en fong him dêrnei wer op. Mar op in kear fong se de bal net op. Lês fierder …
Lang ferlyn wiene der ris in kening en in keninginne dy’t alle dagen tsjin inoar seine: ‘Och, hiene wy mar in berntsje!’, mar hja krigen gjint.
Op in dei, doe’t de keninginne oan it baaien west hie yn de keninklike fiver en har op ‘e wâl stie ôf te droegjen, kaam der in kikkert ta it wetter út krûpen en prate tsjin har mei de wurden: ‘Jo winsk sil útkomme; ear’t der in jier om is, sille jo in dochter te wrâld bringe.’
In leginde oer Wulfram en Redbad
Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûnfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan eltsenien koe er de mienings en gedachten.
Hja wenne op It Amelân, yn in rûch gebiet mei de namme It Oerd. Op it uterste puntsje yn it easten fan it eilân hie se har hutte boud, dêr’t hast gjin minsken wenje koene. By kriezende seefûgels en sikkeldunen dy’t wiskje en kuierje yn de nea rêstende wyn fûn se in skeamel thús, ferlitten en ferlern as se wie.
In skerpe, feninige noardwestewyn jaget grutte grize, grauwe wolkens oer it lân efter de dunen. De wieljende brâning komt hast oan de smelle rige dunen ta. Goare giele skomflokken rôlje oer it smelle strân. It opstowende sân giselet de seekobben dy’t op it strân gjin lijte fine kinne. In inkelde seefûgel slagget it om op ’e wjokken te gean. As in wite warreling wurdt er troch fûle wynpûsters it lân yn blaasd.
Der wie ris… in rike en machtige lânhearre dy’t yn Frankryk wenne en in protte boerepleatsen besiet, in soad lân en in bjuster moai kastiel. Syn namme wie Blauburd. Dat wie net syn wiere namme, it wie in tanamme dy’t er te tankjen hie oan syn lang, rûch, swart burd dêr’t in blauwe glâns oer lei. Hy wie hiel himmel en ynnimmend, mar der wie wat oan him wat makke, dat de minsken in bytsje skruten fan him wiene en wêrtroch’t se harren by him net rjocht noflik fielden. Blauburd wie faak oan it oarlogjen en as er dat die, liet er syn frou noed stean foar it kastiel, dat wol sizze dat hja húswarje moast – ‘kastielwarje’ yn dit gefal.
In skerpe, feninige noardwestewyn jaget grutte grize, grauwe wolkens oer it lân efter de dunen. De wieljende brâning komt hast oan de smelle rige dunen ta. Goare giele skomflokken rôlje oer it smelle strân. It opstowende sân giselet de seekobben dy’t op it strân gjin lijte fine kinne. In inkelde seefûgel slagget it om op ’e wjokken te gean. As in wite warreling wurdt er troch fûle wynpûsters it lân yn blaasd.
Yn ‘e buert fan Molkwar wenne in boer dy’t gjin inkele sin sizze koe sûnder op syn minst ienkear te flokken. No ja, ienkear: fakentiids fleach de iene ferwinsking nei de oare him oer de lippen. Sa hie dat net altyd west.
De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt mei de namme www.goedfrysk.nl. In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Lês fierder