Kening Redbad wegeret it doopsel

In leginde oer Wulfram en Redbad

Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûnfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan eltsenien koe er de mienings en gedachten.

Fan Iglo, de drystmoedige kriichshaadman, fan Tako, de fynfielende sjenner, fan Bernlef, it ferheftige prysterhaad en fan alle oaren. Doe seach er oer de hollen fan syn riedslju hinne nei it sinnerêd boppe de yngong fan de seal. In tydlik byld fan de ivichheid, hie Tako dat sinnerêd neamd. Fan it tydlike wist kening Redbad in soad, mar fan de ivichheid in bytsje of eins neat.

De kening wonk syn suster. De kristenpreker soe yn harren fermidden fan syn God sprekke meie. Hie er in Frank west, dan soe kening Redbad him dat nea tastien hawwe, mar hy wie in folgeling fan Willibrord, en ek in Angelsaks, en syn famylje wie besibbe oan dy fan de Fryske foarst. De muonts waard foar de kening laat. Frijmoedich stie er foar syn gasthear. “Sprek!” sei Redbad.

“Ik sil jimme fertelle fan God”, begûn Wulfram, “fan Kristus, de Earstberne fan de hiele skepping, want yn Him waard alles makke wat yn de himel en op de ierde is, de sichtbere en de ûnsichtbere dingen. Ik sil jimme syn stal tekenje, dat syn byld – dat fan de keninklike held, dat fan de freon dy’t as in heit is – foar jimme stean mei, no en foar altyd. Dit is syn byld: Hy sit op in hege stoel yn it fermidden fan de grutten fan syn ryk yn de seal fan syn keninklike boarch. Syn eagen binne it ljocht, dat oer de hiele wrâld útgiet, dat skynt by dei en by nacht, brânend en flonkerjend oan it útspansel fan de himel, skitterjend oan de noardlike hoarizon. Syn azem is de krêft dy’t oer de seeën en de fjilden stoarmet, dy’t de stienten fan de bergen tebrekt en it sân fan de heuvels ferstruit. Seinige binne hja dy’t yn syn ljocht steane, want hja sille syn krêft ûntfange: de man yn net te bedimjen moed, de frou yn ûnfergonklike leafde. Wa soe wifkje om dy God te tsjinjen? Soene jimme dat weagje? Jimme, dy’t jim fiede, dy’t jim klaaie, dy’t jim siere mei syn keninklike jeften, jimme, dy’t yn de bosken, yn de houttunen syn wyld opjeie? Jimme, dy’t yn de streamen, yn de fivers syn fisken, syn wetterdieren fange? Jimme, dy’t fan de fjilden syn fruchten rispje, út de hôven syn hjerstfruit plôkje? Jimme, dy’t jim klaaie mei de hûden fan syn dieren, mei it weefsel, spûn fan syn gewaaks; jimme, dy’t jim siere mei de glinsterjende metalen, opdold út it binnenste fan syn minen; mei de flonkerjende barnstiennen, wûn út de djipten fan syn see? Nee, jimme sille der net tsjinoan hingje; jimme, folk fan de Fryske stammen, sille mei freugde syn ljocht ûntfange! En de krêft dy’t Hy jimme jout, sil jimme foarmje ta syn trouwe kampfjochters; jimme sille stride yn syn hearleger en mei Him, de held Kristus, de Kening fan de keningen, jimme hoop en jimme eare, sille jimme alle machten fan it tsjuster en de ferdoarnens oerwinne. En as jimme striid yn dit ierdske libben foarby is, sil Kristus, jimme Heit, jim ûntfange yn de seal fan syn keninklike boarch en Hy sil fan syn hege stoel oereinkomme, en al de grutten fan syn ryk sille stean gean en Hy, jimme God, sil jimme begroetsje, en jimme yn syn earmen slutend, sil Er jimme neame: Myn eale, frije Fries. En Hy sil jimme de skaal fan syn ivige drank jaan en plak yn syn ivige seal.”

De wurden fan Wulfram hiene grutte yndruk makke. Eltsenien wie stil. Doe sprong Bernlef nei foaren en rôp út: “Wa soe der tsjinoan hingje om dizze God te tsjinjen? Mar tsjinstber oan dizze God wêze betsjut ek: fazal fan de Frank wêze!”
“Is dat sa?” frege Redbad.
“In Frank of in Frankefazal soe it net weagje en kom sûnder wapens hjir yn jo fermidden, yn de keningsseal fan de Friezen”, antwurde de kristenpreker ienfâldich.
“Jo hawwe moed en allinnich op in moedich man kin men fertrouwe; dêrom leau ik jo”, wie it beskied fan Redbad.
“Ik tankje jo, kening!”, antwurde Wulfram.

Doe sei Redbad, en syn wurd wie boppedat in befel foar syn haadlju: “Gean yn frijheid troch mei it bringen fan dyn boadskip. Wy sille nei dy harkje en oer dyn wurden neitinke. Iglo sil dy beskermje.”

Wulfram hie alle dagen oan it Fryske hôf preke. Syn gehoar hie yn deadske stilte nei him harke. It byld fan Kristus wie folsleiner wurden. No wisten de Friezen de eagen fan de nije God op harren rjochte. Sûnder mis, Hy wie in foarst, in kening, mar Hy koe ek de minste, in tsjinner wêze. Hy hie de dea oerwûn en triomfearjend en fol pracht wenne Er yn syn himel, mar der hie ek in dei west dat Er as offerdier, mei de sûnden fan de minsken beladen, op skandlike wize krusige wie.

Redbad hold tenei syn blik allinnich op de himelske Kening fêstige en hy frege de Angelsaksyske muonts om it doopwetter oer him út te jitten. Tagelyk mei de kening soene noch in soad oaren doopt wurde; ek syn suster soe kristinne wurde. By de boarne wachte Wulfram op de kening en op dyjingen dy’t mei him doopt wurde soene. Redbad stie no foar de pryster. “Eare oan de Heit en de Soan en de Hillige Geast”, sa begûn de muonts. En de jonge, dy’t him as feint tsjinne, antwurde: “Sa’t it wie yn it oanbegjin en no en altyd, yn alle ivichheid. Amen.”

“Ik sil suver wetter oer jo útstoarte en jo sille fan al jo ûngerjochtichheden suvere wurde, seit de Hear.” Doe frege Wulfram de kening nei syn namme. “Redbad is myn namme.” – “Wat freegje jo fan Gods tsjerke?” – “Ik freegje it leauwe.” – “Wat jout it leauwe jo?” – “It ivige libben.”
Sa wikselen fraach en antwurd inoar ôf. De kening fersake oan de duvel en al syn wurken en idelheden en leaude oan God, oan syn iennige Soan en oan de Hillige Geast. By einsluten frege Wulfram: “Wat begeare jo?” – “It doopsel,” antwurde Redbad en Hy sette de rjochterfoet yn it wetter. – “Wolle jo doopt wurde?”

Op dat stuit seach de kening de gedaanten fan syn ferstoarne foarâlden foar him. Syn heit en ek syn pake hie er kend. It hiene beide ûnferfearde mannen west, dy’t mei krêftige fûst regearre hiene. Hja hiene syn foarbyld west; hja hiene him foarme nei lichem en geast. Hja hiene him ferteld fan harren foarâlden, dy’t ek syn foarâlden wiene. En no stiene se allegearre om him hinne en seagen harren neikommeling yn ’e eagen. It like Redbad ta as fergen se him. De kening rjochte him hastich ta de pryster en frege him: “Wêr binne myn foarâlden?” Hy ferwachte dat Wulfram antwurdzje soe: “Yn de himel; dêr’t helden thúshearre!” Mar de muonts skodholle: “Ik wit net wêr’t jo foarâlden binne. Wat witte wy minsken fan de deaden? It is net oan ús mar allinnich oan God om oer harren te oardieljen.”

Doe waard Redbad benaud en hy rôp út: “Myn foarâlden binne net doopt. Binne hja dêrtroch faaks foar altyd ferlern?!” – “Ik wit it net,” antwurde de pryster. “Jo witte it net, mar jo ferûnderstelle it wol!” – “Nochris, wy witte net wat God mei de sielen fan de ferstoarnen docht.” De kening liet Wulfram net útprate. Mei it each op syn foarâlden rjochte rôp er út: “As jo tinke dat sy foar ivich feroardiele binne, dan wol ik dat mei harren wêze, want yn it hjirneimels wol ik net fan harren skaat wêze!” – “Lit dat gewurde, kening”, sa besocht Wulfram de foarst ta oare gedachten te bringen. “En lit my jo no dope meie.”

Op dat stuit kaam Bernlef – deselde dy’t Redbad al earder foar it kristendom warskôge hie – nei foaren en sei: “Wêrom soene jo jo dope litte, as jo it dêrtroch noedzje dat jo net yn de himel fan de helden fan jo foarteam komme, mar yn in hiel oarenien, dêr’t jo de maat fan in slaaf wêze sille dy’t oan in krúshout stoar?!”

It wie efkes ôfgryslik stil. Doe rôp Redbad út: “Ik wol dat de himel fan de helden nei myn dea myn diel wêze sil!” Ynienen loek er syn rjochterfoet út it wetter. “Dan haw ik fan jo doopsel gjin ferlet! Krektoarsom, it stiet my yn ’e wei!”

Swijend ferliet de kening it plak dêr’t er doopt wurde soe. Mar efter him hearde er it geklei fan de oare Fryske dopelingen, lykas Iglo, de drystmoedige kriichshaadman en Tako, de fynfielende sjenner. Ek hearde er it gûlen fan syn suster, fan wa’t er – mear as fan alle oare minsken – hold.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious