De Kikkertkening (Film)

De dochter fan de kening hie in glânzjende gouden bal, dêr’t se graach mei boarte. Se goaide him heech yn de loft en fong him dêrnei wer op. Mar op in kear fong se de bal net op.

Hy stuitere by har wei en rôle sa de fiver yn. De prinsesse waard hiel fertrietlik. Se koe net by de boaiem fan de fiver komme. Mar ynienen hearde se in stimke ‘gûl mar net’. Se seach op en seach in grutte griene kikkert sitten. ‘Wat krij ik fan dy’, sei de kikkert, ‘as ik de bal út it wetter helje?’ ‘Alles watsto mar wolst’, sei de prinsesse. ‘Dan wol ik graach fan dyn boardsje ite en yn dyn bêd sliepe’, sei de kikkert. Dat woe de prinsesse leaver net, mar se woe sa stomme graach de bal werom hawwe, dus sei se: ‘Goed’.

De kikkert brocht har bal werom. En sûnder tankjewol te sizzen draafde de prinsesse dermei fuort. De oare dei siet se krekt mei har âlden oan it jûnsmiel doe’t wat glêds en wiets deryn kaam. It wie de kikkert, dy’t kommen wie om fan har boardsje te iten.‘Wat docht dat bist hjirre?’, frege de keninginne. Doe moast har dochter it wol fertelle wat se oan de kikkert beloofd hie. ‘Watst beloofst, moatst ek dwaan’, sei de kening. De prinsesse loek in gekke holle doe’t de kikkert fan har boardsje iet. Nei it iten gie de prinsesse op bêd. De kikkert kaam efter har oan en sprong mei syn slimige liif op har kessen. ‘Ik mei yn dyn bedsje sliepe’, sei er. ‘Gean fuort’, skreaude de prinsesse en smiet de kikkert yn de fierste hoeke fan de keamer. Doe barde der wat wûnderbaarliks. Hy feroare op slach yn in prins. Mar hy hie wol in grutte bûde op de kop. ‘Do hast de betsjoening ferbrutsen’, sei de prins. ‘Ik wie troch in gemiene heks yn in kikkert feroare.’

No woe de prinsesse wol lije dat de prins fan har boardsje iet en yn har bedsje sliepte. Se waard fereale op de moaie prins. Nei in jier trouden se. It waard in grut feest. En de gouden bal, dy lei yn de midden fan de iterstafel. Hy glom en hy wie moaier as ea. En se libben noch lang en lokkich.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious