De heksehoale fan Molkwar

Yn ‘e buert fan Molkwar wenne in boer dy’t gjin inkele sin sizze koe sûnder op syn minst ienkear te flokken. No ja, ienkear: fakentiids fleach de iene ferwinsking nei de oare him oer de lippen. Sa hie dat net altyd west.

De man wie as jonge, fleurige jongfeint mei in tige himmel mar ek like from frommeske troud. It gie it pearke foar de wyn en sy krigen fiif kreaze dochters.
Mar doe sloech it needlot ta. Sykte ûnder it fee; de bistedokter stie mei de hannen yn ’t hier en yn in omsjoch wienen alle bisten dea. Dêrop folge misgewaaks nei misgewaaks. De fleurige jongfeint fan eartiids feroare yn in koart skoftsje tiid yn in tryst mantsje. Syn frou socht har taflecht mear as ea yn it leauwen en brocht in soad tiid biddende troch. Bidde en smeekje die se ek har man om mei syn ferwinskingen en dat geflok op te hâlden. Sûnder risseltaat, de boer gie hieltiten slimmer te kear.

De frou koe safolle godslastering net mear ferneare. Op in dei wie se fuort. De boer liet it hiele gea ôfsykje, mar se waard net fûn. Allinne har klean fûnen se werom oan ‘e foet fan de seedyk. Foar alle minsken yn it doarp stie fêst dat de frou harsels ferdronken hie yn ‘e Sudersee om sadwaande ferlost te wêzen fan it geflok fan har man.

In wike letter stie se ynienen like stikem as dat se fuortgien wie, wer by him oer de flier. Hja sei ta dat se bliuwe soe op ien betingst: har man soe nea wer flokke!
Dat ûnthiet er mar al te graach, want al flokte en tjirge er noch sa, hy wie noch altiten hiel mâl mei har.

Mar al gau die bliken dat de frou gâns feroare wie. Hja gie net mear nei tsjerke ta en ferbea har dochters ek om derhinne te gean. En wie se foarhinne o sa sunich, no smiet se it jild oer de balke. De man koe der net tsjin wurkje en faker as ien en twa kear moast hy nei de bank en bidde en smeekje om in liening. It bleau wetter nei de see dragen, it jild waard fuort wer útjûn oan ûnnut guod. De boer hie der tige ûnder te lijen, mar wie as de dea dat er syn frou wer kwytreitsje soe.

De jierren giene foarby en de boer seach it mei ûlseagen oan hoe’t syn dochters it hâlden en dragen fan harren mem oernamen. Jild hie foar harren gjin inkele wearde, mei wurkjen woene se har tiid net fergrieme en harren grutste nocht wie om jonges te ferlieden en se dan oan ‘e kant te setten. As de man dêr mei de frou oer prate woe, sei se gnyskjend dat hy him drok makke om neat. En as it petear har te lang duorre, kroep se by him op ‘e skoat om syn sinnen te fersetten mei koezjen en oanheljen en him sadwaande stil te krijen.

In jier as sân hat dat duorre, mar doe rûn it oer de mjitte. De frou hie wer ris ûnbidich en ûnnut it jild dertroch brocht en boppedat betrape de boer ien fan syn dochters mei in swalker op ‘e heasouder. Hy flokte as in heiden en sei syn wiif en dochters ris ûngewosken de wierheid. De goeie man wie noch mar amper útpraat of de frou rûn ta de keuken út en fuort wie se wer.

Wer liet de boer de omkriten útkjimme, mar de frou waard net fûn. Wol har klean, dy’t tige kreas opteard en op in steapeltsje wer oan ’e foet fan ‘e Suderseedyk leine, krekt as de earste kear.

It wie de ynwenners fan Molkwar doe al gau dúdlik hoe’t de foarke yn ‘e stôk siet. De boer hie jierrenlang mei de duvel, ferklaaid as frou, ûnder ien dak wenne. Syn echte frou hie harsels doedestiids ferdronken, fansels, en dêr hie de duvel fan profitearre. Hy hie der alles oan dien om de hiele húshâlding mei te slepen yn it kwea en dat wie him aardich slagge. De fiif dochters groeiden op ta echte heksen dy’t in soad leed oer Molkwar brochten. En as wie dat noch net genôch, elk fan har krige ek wer fiif dochters en dat waarden ek allegear tsjoensters.

Sa hat de boer mei al syn flokken en tjirgjen net allinne leed brocht oer syn eigen húshâlding, mar ek oer it hiele gea. Sûnt dy tiid hat it altyd omraak spoeke yn Molkwar en it doarp waard al gau “De heksehoale” neamd, in tanamme dy’t hjoed-de-dei noch bestiet.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious