Rixt fan It Oerd

Hja wenne op It Amelân, yn in rûch gebiet mei de namme It Oerd. Op it uterste puntsje yn it easten fan it eilân hie se har hutte boud, dêr’t hast gjin minsken wenje koene. By kriezende seefûgels en sikkeldunen dy’t wiskje en kuierje yn de nea rêstende wyn fûn se in skeamel thús, ferlitten en ferlern as se wie.

Net ien wist wa’t se wie en wêr’t se weikaam. Wie se de sûndige aparteling fan in aadlike famylje, in Donia of in Cammingha, geslachten dy’t op It Amelân wol bekend wiene? Of wie se in earme fiskerswiddo út Wierum, dy’t yn in rûzige merkenacht, doe’t it útlitten jongfolk kwea mei har woe (hja stie doe al yn de reek fan tsjoenderij), yn in wiffe boat it Waad opflechte en nei lang swalkjen op It Oerd telâne kaam? Wa sil it sizze? Net ien wit it. Wol stiet fêst dat se fan Richt, Rixt of Ritske hiet en dat se har hutte sels boud hie fan stikken wrakhout.

Der wie net ien mei wa’t se omgong. Ien kear yn it jier kaam se wolris yn it doarp en dan joech se net ien tiid. Letter wenne se, lykme-allinne, yn har earmoedige hutte. En noch leaver swalke se, by nacht en ûntij, oer It Oerd. By de floedline del garre se wrakhout en yn de dunen socht se krûden, wol sân soarten, en dêr broude se toverdranken fan. Wat dat foar dranken wiene? Wêrfoar’t se wiene? Net ien dy’t it wist. Want gjin minske kin ea fermoedzje watfoar dranken oft seeheksen brouden, as nuvere skynsels opljochten oan de noarderkime. Wa fan ús ken it geheim fan de duvel en syn oanhingers?

Minsken wiene it deroer iens dat Rixt goed mei de duvel koe. Hoe soe se oars, sûnder middel fan bestean en wenjend op in iensum plak, oan har kost komme? It die bliken dat se de minsken net nedich hie. It wie dus dúdlik dat de duvel de hân deryn hie. Minsken flústeren mei ynholden siken. En de lju kamen net op It Oerd, want se woene net graach betsjoend wurde. Wa’t der neat te sykjen hie, kaam der net. En wa’t der dochs wêze moast – bûtsikers, aaisikers en skulpefiskers – seine in gebed op en gongen gau werom nei it feilige doarp.

De Oerdhekse mocht dêr bêst oer: wat minder folk oft der yn har buert kaam, wat better oft se it fûn. Hja hold har by har suterige hutte, it jutten en krûdesykjen. Op simmerjûnen siet se ûnder har âlde ‘flarjebeam’, in gnodzige, wyld útwoeksen flearbeam, wylst se grimmitich foar har út stoarre. Jierrenlyn hie se dy flear sels plante. En letter krige se noch selskip fan in âlde meagere ko – foar wat strânguod ruile yn it doarp – dy’t se trou fersoarge.

It gong der hieltyd nuverder oan ta dêr op it iensume Oerd; it âldminske kwynde hieltyd fierder. Wannear’t yn roetswarte nachten de stoarmwyn yslik bearde, libbe se hielendal op en wie se pas goed op it snjit. Hja ferhastige it lot fan de foargoed ferlerne skippen yn need, as waard it har troch de duvel ynskúnd. Dat wiene skippen dy’t omswalken by de gefaarlike kust lâns, alhiel op ‘e doele troch it minne waar. By sok dwaan bûn se har ko in stâllantearne oan de kop, oan ien fan de hoarnen. Dan jage se it bist de dunen oer, ûnder it útkreamjen fan godslasterlike wurden. Hja flokte tsjin de stoarm en tsjin de see, se dage de himel út om har te ferdjerren. En har slimste ferwinskings wiene foar de minske, dy’t oan tsjoedens ferfallen wie en ta alle kwea by steat. Lûd razend skaaide se mei har skrale meagere earms yn ‘e loft, de ko hieltyd opjeiend oer de dunen by de floedstripe lâns. Wannear’t dan in ûngelokkige skipper op it ferriederlike ljocht ôfkaam en syn skip op it hurde sân tepletter sloech, tjirge se as in dwylsinnige: dit wie de ferfolling fan har djipste langstme, har wrake op de ferdoarne minskheid.

De oare moarns (se koe hast gjin wink yn de eagen krije) wie se al ier en betiid op it strân. Begearich skuorde se yn alles om wat der oanspield wie. Hja stiel de sieraden fan de liken en biet sels de opswolde fingers ôf, wannear’t se de ringen der net gau genôch fan ôflûke koe. Ien kear moat se sels ien de skonken ôfhakke ha om in pear brûkbere learzens te krijen. Hja hong se yn de skoarstien om se te droegjen en nei in skoft gliden se fansels fan de ferskrompele skonken ôf. Se prakkesearde der net oer om immen te help te kommen. Hja loek drinkeldeaden ek nea oer de floedstripe, wat in died fan minsklikheid wie dy’t by ús kustbewenners troch de ieuwen hinne yn ’e swang wie.

Op in dei wie de tsjoenster ynienen fuort. It bleau stil om har hutte hinne. De minsken seagen har ek net mear yn de dunen of by de see lâns. De âlde flear groeide en bloeide, mar de frou wie der net mear. En it dûnsjende ljocht waard nea wer sjoen – it duvelsljocht, dat ûnlok brocht, dea en ferdjer.

Nei in ferskriklike nacht, let yn de hjerst, doe’t de brik op it strân rûn, wie it dien mei de âlde frou. Dizze brik hie se ek mei har wylde lantearne ta syn ûndergong brocht. En de bút bliek grutter te wêzen as ea dêrfoar. Hja hie raasd fan blidens, by it bemachtigjen fan sa’n soad fingerringen, sa’n protte horloazjes mei sinjetten en earringen fan read goud.

Mar doe’t se op ’e knibbels gong by dy iene, doe’t se har hol gesicht bûgde oer dy iene jonge, doe’t se har yn razende hate kromme oer it lichem fan Sjoerd, har eigen soan, doe waard se kjel. Har begearige fingers, dy’t al yn de bûsen taasten, lieten ynienen los en ferstiven. Har skrille gjalp ferstomme, it grouwélige ljocht yn har eagen dôve. Hja foel dea del, njonken har eigen soan, Sjoerd, fan wa’t se tocht hie dat er al lang ferdronken wie. Jierren lyn wie er yn fûle opstân tsjin syn mem fan hûs weirûn, omdat hja de iensumheid opsocht hie. Rixt hie sûnttiid taal noch teken fan him fernommen.

Der wurdt grute, dat der doe in barmhertige weach kommen is. Dy hat de âlde frou en har soan meifierd, fier, fier de grutte see yn. Har fertutearze hutte hat dêr noch jierren stien. En fan de gnodzige, âlde flear dy’t it hûske noch oerlibbe, fiken de lju wol tûken ôf, om se te plantsjen yn de eigen tún. Ta fermoanning fan al dyjingen dy’t behurdzje yn it kwea en it har oandiene kwea mei hieltyd slimmer kwea ferjilde. Somtiden, yn tsjustere hjerstnachten, boppe waar en wyn út, hearre de minsken hoe’t by dunen en strannen lâns in frou om har bern gûlt. It is de geast fan Rixt, skriemend om Sjoerd, har iennige soan.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious