De skuonmakkers en de elven (filmke)

Der wie ris in hiel freonlike skuonmakker dy’t libbe mei syn frou. Spitich genôch woe net ien mear syn skuon keapje. Dêrtroch wiene se earm wurden. Hy hie allinnich noch mar wat lear om ien pear skuon fan te meitsjen.


Om de man gerêst te stellen sei de frou: ‘Haw mar gjin noed, aansen sil it better wurde. Lit it lear mar op ‘e tafel lizze. Do kinst de skuon moarnier ek wol ynelkoar naaie. Lit ús earst mar op bêd gean.’ Mar it lok soe gauwer komme as dat se tocht hiene. Fjouwer elven sieten by it finster te harkjen. Hja fûnen it begrutlik foar de o sa aardige skuonmakker. ‘Wy moatte dy earme skuonmakker helpe’, seine se tsjin inoar.

De tûke en behindige elven gongen hurd oan it wurk. Hja knipten, naaiden en fersierden en makken in pear moaie skuon. En foardat de sinne opgien wie, fleagen se ta it finster út. Dy moarns wiene de skuonmakker en de frou ferrast, omdat se sokke moaie skuon op ‘e tafel stean seagen. Wa hat dy makke? Se binne sa moai!
Al gau seach in man de skuon foar it winkelrút stean en kocht se. Dy man joech der safolle jild foar, dat der foar wol twa pear nije skuon lear foar kocht wurde koe.

Dy jûns die de skuonmakker itselde as de nachts dêrfoar: hy lei it lear en it ark wer op ‘e tafel. En de elven kamen werom. En foar’t de sinne opkaam, wiene twa pear skuon klear. Dat gong nachten efterelkoar troch. Prachtige moaie skuon stiene de oare moarns klear.

Alle moarnen fregen de skuonmakker en syn frou harren ôf: ‘Wa binne dy freonen fan ús dy’t de skuon sa moai meitsje? Wy moatte ús freonen betankje.’ Op in nacht namen se it beslút om wekker te bliuwen en stikem efter de doar te sjen wa’t deryn komme soe.

Wylst se dêr stiene, seagen se de elven oanfleanen kommen. Hja laken en songen en makken fluch en handich in pear nije skuon. ‘Wat binne wy lokkich mei de elfkes’, sei de skuonmakker. Wy moatte se wat weromjaan. De frou betocht dat de elfkes net hiel moaie klean oan hiene. Dêrom makke se nije truikes en nije jaskes foar de elfkes. Hja makke ek nije skuontsjes en moaie kettings fan skulpen.

Doe’t de elfkes kamen, fûnen se de nije klean prachtich. Hja dûnsen en songen, sa lokkich wiene se dermei. En dêrnei fleagen se ta it finster út en kamen nea werom. De skuonmakker gong troch mei it meitsjen fan de skuon sa’t de elfkes dy ek altyd makken en ferkocht se goed. Hy en de frou soene nea de elfkes ferjitte. Hja libben noch lang en lokkich.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious