Blauburd

Der wie ris… in rike en machtige lânhearre dy’t yn Frankryk wenne en in protte boerepleatsen besiet, in soad lân en in bjuster moai kastiel. Syn namme wie Blauburd. Dat wie net syn wiere namme, it wie in tanamme dy’t er te tankjen hie oan syn lang, rûch, swart burd dêr’t in blauwe glâns oer lei. Hy wie hiel himmel en ynnimmend, mar der wie wat oan him wat makke, dat de minsken in bytsje skruten fan him wiene en wêrtroch’t se harren by him net rjocht noflik fielden. Blauburd wie faak oan it oarlogjen en as er dat die, liet er syn frou noed stean foar it kastiel, dat wol sizze dat hja húswarje moast – ‘kastielwarje’ yn dit gefal.

            Hy hie in hiel soad froulju hân, allegear jong, kreas en fan adel. Ta syn fertriet stoar de iene frou nei de oare en sa like it krekt as wie de lânhearre oan ien stik troch oan it trouwen. Út en troch frege immen him wolris: ‘Wêr binne jo froulju oan stoarn?’

            ‘Och, bêste freon,’ antwurde Blauburd dan, ‘Ien frou stoar oan wetterpokken, in oare oan in slepende sykte, wer in oarenien oan hege koartsen en ien oan in skriklike ûntstekking…’ Suchtsjend foege hy deroan ta: ‘Ik haw gjin gelok hân, mar hjà ek net. Hja binne allegearre begroeven yn de kapel fan it kastiel.’ Gjinien fûn dat nuver. En it himmele en leave famke dat Blauburd ta frou naam fûn it likemin nuver. Hja gong nei it kastiel, beselskippe fan har suster Anna, dy’t sei: ‘O, liket it dy net hearlik ta om mei sa’n machtige lânhearre as Blauburd te trouwen?’

            ‘Hy is yndied hiel aardich,’ sei de breid, ‘en fan tichtby sjocht syn burd der wier net sa blau út as dat de lju altiten sizze!’ De twa suskes geiden it út fan wille. Earme stumpers. Hja hienen der gjin aan fan wat harren te wachtsjen stie…

            Likernôch in moanne letter liet Blauburd de koets foarride en sei tsjin syn oarehelte: ‘Leave, ik moat dy in pear wiken allinne litte, mar tink derom, bliuw fleurich! Noegje út wa oftst wolst en hâld it each wat op it kastiel. ‘Sjoch hjirre,’ gong er fierder, wylst er har in bongel kaaien joech, ‘dy silst nedich ha, de kaaien fan de skatkiste, fan de wapenkeamer en fan de lêsseal en dizze kaai past op alle slotten. De lytse kaai hjirre,’ – hy wiisde op in kaai dy’t lytser wie as alle oare, – ‘is fan it keammerke oan de ein fan de grutte gong ûnder. Lit dyn freondinnen it hiele kastiel sjen ast wolst, doch alle doarren iepen, útsein de doar fan de lytse keamer. Dat is ferbean. En asto it sels ea weagje soest dý doar iepen te dwaan, wurd ik sà lilk op dy datst it mar better út ‘e holle sette kinst.’

            ‘Meitsje dy net drok, myn mantsje,’ sei Blauburd syn frou, wylst se de kaaien fan him oernaam. ‘Ik sil dwaan sa’tst sein hast.’

            Nei’t er har tute hie, stapte Blauburd yn syn wein, trune de hynders oan mei syn swipe en waard wei. De dagen gongen foarby. It jongfanke noege har freondinnen út nei it kastiel en liet harren alle keamers sjen útsein dy iene oan ‘e ein fan de gong.

            ‘Wêrom soe ik dy lytse keamer net sjen meie? Wêrom no net? Wêrom soe dat ferbean wêze?’ Hja tocht der sa faak oan dat se op it lêst hast knapte fan nijsgjirrigens. Op in dei koe se har net langer ynhâlde, die de doar fan it keammerke iepen en gong deryn… Wat waard se doe ôfgryslike kjel: tsjin de muorre hongen njonkeninoar de liken fan Blauburd syn echtgenoaten!

            Deabenaud stode it famke de keamer út, mar liet de bongel mei kaaien knoffelje. Fluch krige se him op en strûsde sûnder om te sjen nei har eigen keamer. It hert bûnze har yn de kiel. Wat in skrik! Hja wenne yn in kastiel fan deaden. Dus dat wie der bard mei Blauburd syn eardere froulju… It fanke skrabbe alle moed byinoar, krige de kaaien op en… seach dat ien fan de kaaien – it kaike fan it lytse keammerke – mei bloed besmodze wie.

            ‘Ik moat him skjinmeitsje foardat myn man weromkomt,’ sei se tsjin harsels. Mar hoe bot oft se it ek probearre, de bloedsmet wie net fuort te waskjen. Hja skjirre en skrobbe en spielde en bjinde, mar it wie allegear om ‘e nocht, want de kaai bleau read.

            Deselde jûns kaam Blauburd thús. Tink ris ta hoe’t syn earme frou har fielde. De machtige lânhearre frege dy jûns net mear nei de kaaien, mar sei: ‘Do bist sa wyt om ‘e noas. Der is doch neat slims bard?’

            ‘Watte? Eh… nee, hear. Nee!’

            ‘Fynst it spitich dat ik sa gau weromkaam bin?’

            ‘Nee, ik fyn it moai!’ Mar dy nachts die de breid gjin each ticht.

            De oare moarns sei Blauburd: ‘Leave, jou my de kaaien wer,’ en syn frou die dat hastich. Blauburd hold de bongel omheech. ‘Der ûntbrekt ien, de kaai fan it lytse keammerke.’

            ‘O ja,’ sei it fanke triljend. ‘Ik sil him yn myn keamer lizze litten ha, tink.’

            ‘Helje him dan mar gau op,’ sei Blauburd. Mar doe’t syn frou him de kaai yn ‘e hân lei, waard Blauburd sa wyt as sûpe en frege mei in heas lûd: ‘Wêrom sit der bloed oan dizze kaai?’

            ‘Ik… ik wit it net…’ stammere syn frou.

            ‘Dat witsto skoan!’ boldere Blauburd. ‘Do hast yn it keammerke west, net wier? Dan silst der no wèr hinne, mar ditkear foargoed, mei dy oare froulju; do silst stjerre!’

            ‘Nee, o, nee, ik smeekje it dy!’

            ‘Do silst stjerre,’ sei Blauburd op ‘e nij. Krekt op dat stuit waard der op ‘e doar kloppe en kaam Anna, de suster fan Blauburd syn frou deryn.

            ‘Goemoarn,’ sei se. ‘Wat binne jimme wyt om ‘e noas.’

            ‘Hoe komst der by? It giet hiel goed mei ús,’ andere Blauburd. Syn wiif lústere him yn it ear: ‘Jou my asjeblyft noch tsien minuten te libjen!’

            Blauburd joech ta beskie: ‘Net mear as tsien.’ De jongfaam fleach yn tûzen hasten de trep op nei it balkon en seach dat har suster Anna yn ien fan de tuorren klommen wie.

            Hja rôp: ‘Anna, suster Anna, sjochst ús broers al kommen? Se hiene my tasein dat se hjoed delkomme soene!’

            Mar Anna antwurde: ‘Nee, ik sjoch gjinien. Wat skilt deroan? Do bist sa oerémis.’

            ‘Anna, ik smeekje dy,’ sei it fanke mei triljend lûd, ‘sjoch nochris goed. Bist der wis fan datst gjinien oankommen sjochst?’

            ‘Ik sjoch allinne mar in pear boeren yn de fierte,’ sei Anna. Suver op dat momint raasde Blauburd nei boppen: ‘Frou, dyn tiid is om, kom nei ûnderen!’

            ‘Ik kom!’ rôp se, mar hja seach wer nei har suster yn de toer. ‘Anna, o Anna, sjochst ús broers noch net kommen?’

            ‘Nee,’ antwurde Anna.

            Op ‘e nij skreaude Blauburd: ‘Kom fuortendalik nei ûnderen, of ik kom nei boppen!’

            Rydboskjend as in blêd oan de beam gong syn frou nei ûnderen ta. Blauburd hie in grut mês yn ‘e hân en grypte syn frou by it hier…

            ‘Suske, ik sjoch twa ruters oankommen!’ rôp de stim fan Anna út de toer wei.

            Blauburd seach syn frou moardsuchtich oan en rôp: ‘Dy sille ek dea!’

            It frommeske knibbele foar him del en smeke: ‘Asjeblyft, deadzje my net. Ik sil net ien fertelle wat ik sjoen haw. Nea!’

            ‘Do silst aansen foar ivich dyn toet hâlde!’ snaude Blauburd, wylst er it mês yn ‘e loft stuts. It earme fanke raasde: ‘Haw meilijen mei my!’

            Mar hy antwurde: ‘Nee, do silst dea!’ Hy woe de hogge delkomme litte op de teare hals fan de jongfaam, doe’t twa jongfeinten deryn stowen kamen, in dragonder en in musketier. It wienen de bruorren fan Blauburd syn frou.

            Mei it swurd yn de oanslach sprongen se op Blauburd ta, dy’t besocht út te naaien by in trep op, mar hy waard snipt en deade. En dat is de ein fan dit drôvich ferhaal. De earme froulju fan Blauburd krigen in kristlike beïerdiging. It kastiel waard alhiel ferboud en de jonge widdo troude in skoft letter mei in goede en earlike man, wêrtroch’t hja it grousume aventoer fergeat. Mar nijsgjirrich soe hja yn har fierder libben nea wer wêze…

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious