Belle en it bist

Der wie ris… in keapman dy’t nei de merk ta gong. Hy frege syn trije dochters wat er as geskink foar harren meibringe soe. De earste dochter woe in jûpe fan brokaat, de twadde in pearelkeatling, mar de tredde – Belle wie har namme – en de jongste, kreaste en leafste fan de trije, sei tsjin har heit: ‘Ik wol allinnich mar in roas dy’t heit spesjaal foar my plôke hat.’

Doe’t de keapman dien hie mei syn saken, ried er werom nei hûs. Mar hommels begûn it te stoarmjen. Syn hynder kaam skraach mear foarút yn de bolderjende wyn. Kâld en wurch hie de keapman alle hope al oerjûn om noch op ‘e tiid by in herberch komme te kinnen foar in oernachting. Ynienen seach er djip yn it wâld in helder ljocht skinen. Wylst er tichterby kaam, seach er dat it in kastiel wie dat swom yn it ljocht.

     ‘Ik hoopje dat se my dêr bêdzje kinne,’ sei er yn himsels. Doe’t de keapman by de poarte kaam, seach er dat dy samar iepenstie. Hy rôp: ‘Folk yn?’, mar der kaam gjinien oan om him te begroetsjen. Hy fette moed en gong deryn. Hy rôp wer, mar der kaam gjinien… Op in tafel yn de grutte hal stie in kostlik miel optsjinne. De keapman wifke en rôp wer in pear kear. Doe’t der nòch nimmen opsetten kaam, gong de úthongere man oan tafel sitten en liet it iten him goed smeitsje. Nijsgjirrich gong er nei it iten nei boppen, dêr’t in brede gong wie dy’t tagong bea ta prachtige keamers en sealen. Yn de earste keamer baarnde in knappend hurdfjoer en it sêfte bêd seach der sa ferlokjend út, dat de keapman it net langer prangje koe. Hy gie op bêd lizzen en foel yn in djippe sliep. Doe’t er de oare moarns wekker waard, hie immen in bakje wazemjende kofje en in bytsje fruchten op it nachtkastke delset. Nei it moarnsiten knapte de keapman him wat op en gie nei ûnderen om syn nommele gasthear te betankjen. Mar krektlyk as de foarige jûns wie der gjinien te sjen. Hy skodholle ferheard omdat er it allegear sa nuver fûn en rûn de tún yn, dêr’t er de foarige jûns syn hynder fêstbûn hie oan in beam. Ynienen foel syn each op in grutte roazestrûk.

     Syn ûnthjit oan Belle kaam him wer yn ’t sin en hy rûn op de strûk ta. Hy plôke in roas en op itselde stuit sprong der in ûnhuer bist út de roazetún te foarskyn. It meunster hie prachtige klean oan. Mei bloedberûne eagen dy’t flamken fan grime seach er de keapman oan en gromme mei in djip lûd dêr’t de keapman kjel fan waard: ‘Ûntankbere man! Ik haw dy rak en dak jûn, do hast oan myn tafel iten en op myn bêd slept en as tank stelst ien fan myn skoandere blommen. Om dit fergryp sil ik dy ombringe!’ Triljend fan benaudens foel de keapman op ‘e knibbels foar it Bist. ‘Ferjou my! Ferjou my! Meitsje my net dea! Ik sil alles dwaan watst seist. Dy roas wie net foar my, mar foar myn dochter Belle. Ik haw har ûnthjitten, dat ik foar har in roas meibringe soe fan myn reis.’ It bist luts syn kloeren fan de jammerjende keapman ôf.

     ‘Ik sil dyn libben sparje, op betingst datst dyn dochter nei my ta bringst.’ De keapman dy’t bot skrokken wie en skoan wist dat er in wisse dea stjerre soe as er net om sizzen joech, ûnthiet dat er dat dwaan soe. Doe’t er skriemend thús kaam, rûnen syn trije dochters him fluch yn ‘e mjitte om him te begroetsjen. Nei’t er syn skriklik aventoer oan harren ferteld hie, bêde Belle him del: ‘Leave heit, foar jo doch ik alles. Sit net yn noed, jo sille jo hâlde oan jo ûnthjit en sille net deade wurde! Nim my mei nei it kastiel. Ik sil dêr tahâlde yn jo plak.’ De keapman foel syn dochter om ‘e hals. ‘Ik haw nea oan dyn leafde foar my twivele, Belle. Do hast myn libben rêden en dêrfoar wol ik dy betankje.’ En sadwaande waard Belle nei it kastiel ta brocht. It Bist begroete it famke sa’t se net ferwachte hie. Yn stee fan driigjend te grommeljen sa’t er tsjin har heit dien hie, wie hy no o sa aardich.

     Yn it begjin wie Belle deabenaud foar it Bist en hja huvere as se nei him seach. Doe begûn se te fernimmen dat, hoewol’t it meunster in ferskriklik ûnsjogge kop hie, har benaudens foar him stadichoan begûn te saksearjen. Hja hie ien fan de moaiste keamers yn it kastiel en siet wol gauris by it hurdfjoer te borduerjen. En it Bist siet net fier fan har ôf oeren stilwei nei har te sjen. Doe begûn er út en troch in pear freonlike dingen te sizzen en op it lêst fernaam Belle ta har fernuvering dat hja it wol noflik fûn mei him te praten. De tiid hold gjin skoft en Belle en it Bist waarden goede maten. Op in dei frege it Bist: ‘Wolst mei my trouwe?’ Belle siet mei de mûle fol tosken. Trouwe mei sa’n ûnsjoch meunster? Hja gong noch leaver dea! Mar it Bist hie by einsluten wol aardich tsjin har west en dêrom woe hja him net op it sear komme. Boppedat hiene har heit en hjasels harren libben oan it Bist te tankjen. ‘Ik kin net ‘ja’ sizze,’ begûn se mei triljend lûd, ‘al hie ik it graach dien…’

     It Bist stuts beswarrend in foarpoat omheech. ‘Ik begryp it en ik bin net misledige troch dyn wegerjen.’ It libben gie wer syn bewende gong en der waard net mear oer it oansyk praat. Op in kear joech it Bist oan Belle in prachtige toverspegel. Mèi dat se der yn seach, seach se har famylje dy’t sa fier fuort wie. ‘Dan fielst dy net sa iensum,’ hie it Bist sein. Belle siet oeren oanien nei har fiere sibben te sjen. Op in middei fûn it Bist har gûlend foar de spegel. ‘Wat skilt deroan?’ frege hy, freonlik, lykas altyd. ‘Ús heit is slim siik en leit op stjerren. Ik soe him sa stomme graach nochris sjen wolle, ear’t it te let is!’ Mar it Bist skodholle allinne mar. ‘Nee, do silst dit kastiel nea ferlitte!’ Lilk rûn er fuort. In skoftke letter lykwols kaam er werom, seach it famke earnstich oan en sei: ‘Ast swarst datst binnen sân dagen weromkomst, meist dyn heit opsykje!’ Belle wie sa bliid dat se op har knibbels foel en rôp: ‘Ik swar it! Ik kom werom! Do hast in leafhawwende dochter hiel lokkich makke!’

     De keapman wie siik wurden fan fertriet om syn dochter dy’t finzen holden waard. Doe’t er har wer yn syn earmen slute koe, gong it al gau folle better mei him. Skoftenlang siet Belle njonken syn bêd en ferhelle him oer har libben op it kastiel. Hja lei har heit út dat it Bist hiel myld en goed foar har wie. De dagen fleagen om en op it lêst koe de keapman wer fan bêd ôf. Hy wie hielendal better en Belle wie lokkich. Mar hja hie net opmurken dat der sân dagen foarbygien wiene. Op in nacht skrille se wekker út in njoere dream. Hja hie dreamd dat it Bist stjerrende wie en wanhopich har namme rôp. ‘Kom werom! Kom werom by my,’ smeke it Bist. Har plechtich ûnthjit kaam har ynienen yn ’t sin en hja reizge fuortynienen ôf.

     ‘Avesearje, hynderke, meitsje oan,’ sei se, want hja wie bang dat se te let komme soe. Hja fleach yn tûzen hasten de treppen fan it kastiel op en rôp, mar der kaam gjin antwurd. Mei bûnzjend hert draafde Belle de tún yn en dêr lei it Bist mei de eagen ticht, as wie er dea. Belle knibbele by him del en sloech de earmen om him hinne. ‘Gean net dea! Gean net dea! Ik sil mei dy trouwe…’ Doe’t se dat sein hie, barde der in wûnder. De ûnhuere snute fan it Bist feroare op slach yn it himmele antlit fan in jonge prins.

     ‘Wat haw ik mei langst útsjoen nei dit momint,’ sei er. ‘Ik litte yn stilte en koe myn grousum geheim net fertelle. In tsjoede heks hat my yn in meunster feroare en inkeld de leafde fan in famke dat my nimme woe sa’t ik wie, koe de tsjoen ferbrekke. Leave skat, ik bin sa lokkich datst mei my trouwe wolst…’

     Koarte tiid dêrnei wie de brulloft en fan dy dei ôf woe de jonge prins neat oars as roazen yn syn tunen en dêrom stiet it kastiel oant hjoed de dei oanskreaun as it Kastiel fan de Roas.

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious