De lytse goudfisk

Der wie ris… in earme fisker dy’t yn in suterich klintsje oan see wenne. Op in dei sette er wer ris ôf om mei syn netten te fiskjen te gean.

            ‘En weagje it net om mei lege hannen thús te kommen!’ rôp syn lestich wiif him nei. Ûnderoan by de see hie er krekt syn netten yn it wetter goaid, doe’t syn each foel op wat glinsterjends tusken de mesken. ‘Wat in nuver fiskje,’ sei er yn himsels en helle in goudgiele fisk út in net. Hy besaude him noch mear doe’t er de fisk dizze wurden sizzen hearde: ‘Bêste fisker, lit my frij. Ik bin de soan fan de Seekening en ast my gean litst, sil ik elke winsk dy’tst mar hast útkomme litte.’

            Kjel wurden fan dit wûnder smiet de fisker sûnder fierder nei te tinken it goudfiskje werom yn it wetter. Mar doe’t er thús syn frou fertelde wat der bard wie, begûn hja tsjin him te kettermintsjen: ‘Watte?!! Doe’t dy fisk sei dat er dyn winsken ferfolje soe, hiest ek in winsk dwaan moatten, ju, omkoal! Do giest werom nei de see en ast him sjochst, fregest him om in nije wasktobbe! Sjoch ris oan hoe suterich oft uzes is!’  De earme man gong werom nei de kust. Hy rôp de fisk, dy’t even letter út it wetter opljepte. ‘Rôpsto my? Hjir bin ‘k,’ sei er.

            De fisker ferklearre wat syn frou woe en de fisk antwurde fuort: ‘Do hast hiel goed foar my west. Gean nei hûs ta, dan silst sjen dat dyn winsk útkaam is!’ De fisker draafde nei hûs yn de oertsjûging dat syn frou bliid wêze soe. Mar doe’t er de doar iepen die, begûn syn wiif wer te lêbjen: ‘Soa, it wie dus ál in toverfisk dy’tsto de frijheid jûn hast! Moatst dy âlde wasktobbe sjen, hy is wer splinternij. Mar as dy lytse fisk safolle tsjoenkrêft hat, bist doch seker net tefreden mei sa’n skiterich winskje? Gean gau werom en freegje him om in nij hûs!’

De fisker strûsde yn sân hasten werom nei de kust. ‘Miskien sjoch ik him wol nea wer! Ik hoopje dat er net foargoed fuort is! Fiskje! Fiskje!’ begûn er fan it strân ôf te roppen. ‘Hjir bin ik! Wat kin ik foar dy dwaan?’ hearde hy de fisk freegjen.  ‘No eh… myn frou soe graach…’ ‘Ik begryp it al. Wat sil it ditkear wêze?’ ‘In grut hûs,’ stammere de fisker wifkjend.‘Bêst genôch! Do hast goed foar my west en dêrom krigest watst wolst!’

Stadich rûn de fisker werom nei hûs, bliid dat er syn frou lokkich meitsje koe mei in nij hûs. It houten tek fan it moaie, nije hûs wie al yn sicht, doe’t syn frou him grimmitich yn ‘e mjitte draven kaam. ‘No moatst ris goed hearre, no’t wy witte hoe machtich oft dizze fisk is, binne wy fansels net tefreden mei inkeld in hûs. Gean werom en freegje om in echt paleis, gjin sljochtwei hûs lykas ditte! En moaie klean! En juwielen…! De fisker wist net mear hoe’t er it hie. Hy wie der oerstjoer fan. Mar om’t er al sa lang ûnder de tomme siet fan syn wiif, wie er net by steat en sis fan ‘nee’. Dat hy sjampere werom nei it strân. Skytskoarjend rôp er it lytse fiskje, mar it duorre in setsje ear’t it dierke út ‘e weagen te foarskyn kaam. De see begûn ûnrêstich te wurden…

 ‘It muoit my dat ik dy wer lestich falle moat, mar myn frou is fan miening feroare en soe efternei doch leaver in moai paleis hawwe en… en ek…’ Op ‘e nij liet de lytse fisk de winsken fan de fisker útkomme, mar it like wol as wie er minder freonlik as earder. Hy koe wer rom sykhelje no’t syn frou krige wat hja sa graach ha woe. Sa kaam de guodlike fisker op it lêst wer thús.

            ‘Thús’ wie no in skitterjend paleis. Wat wie it alderprachtichst! Boppe oan de trep dy’t nei it paleis ta fierde stie syn frou, klaaid as in eptige dame en behongen mei juwielen. Ûngeduldich stie se him op te wachtsjen.  ‘Gean werom en freegje…’

            ‘Mar de fisker foel har yn it wurd: ‘Watte? Sa’n prachtich paleis. Wy moatte tefreden wêze mei wat wy hawwe. Fynst net dat wy tefolle freegje?’ ‘Gean werom, sei ik! Doch sa’t ik dy sis en freegje de fisk dat er my keizerinne makket.’ De earme fisker wie skjin mantsje ôf en sjokte mar wer fuort, nei de kust. Ûnderwilens wie der in stoarm opstutsen. De loft wie swart en njoere wjerljocht en tongerslaggen bearden troch it tsjuster.

            De fisker gong wer op de knibbels lizzen en begûn de lytse fisk súntsjes te roppen, wylst de weagen om him hinne op de balstiennen stikken sloegen. Doe’t de goudfisk kaam, joech de fisker him de nijste winsk fan syn frou troch. De lytse fisk harke der stil nei en ferdwûn ditkear sûnder in wurd te sizzen yn de weagen. En hoewol’t de fisker dêr lang bleau en wachte, kaam it fiskje net wer werom. In grutte wjerljochtflits, folle griller as alle oare, ferljochte de loft en de fisker seach dat it nije hûs en it paleis fuort wiene, sûnder in spoar. En de suterige, âlde klinte stie dêr’t er altyd stien hie. Dizze kear stie syn frou him gûlend op te wachtsjen. ‘Dyn fertsjinne lean!’ rôp de fisker lilk. ‘Wy hiene tefreden wêze moatten mei wat we hiene, ynstee fan hieltyd mar mear te freegjen!’ Mar djip yn syn hert wie hy bliid dat alles wer as fanâlds wie. De oare deis en alle dagen dêrnei gong er wer te fiskjen, mar de lytse goudfisk seach er nea wer.

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious