De lytse seemearmin

Der wie ris… in seekening, dy’t yn in prachtich paleis wenne op de boaiem fan de djipblauwe oseaan. Hy wie in wize âlde triton, in seemearman, en hie in lang, wyt burd mei slaggen. It skitterjende paleis wie boud fan kleurige koralen en seenúnders en de kening wenne dêr mei syn seis dochters, alle seis byldmoaie seemearminnen.

Sirenetta, de jongste en tsjepste fan allegear, hie ek noch in moaie stim en as se song, swommen de fisken fan de hiele see gear om nei har te harkjen. De núnders iepenen har en lieten harren pearels sjen en sels de kwabben holden yn om te lústerjen. De jonge seemearmin song faak en dan seach se nei boppen, sykjend om it swakke sinneljocht dat skraach trochkringe koe ta dizze djipte fan de oseaan.  ‘O, wat soe ik graach nei boppen gean wolle en de loft sjen! Allelju sizze dat it sa moai is dêrboppe! Ik wol de lûden fan minsken hearre en de swietrook fan blommen rûke!’ ‘Do bist noch te jong,’ sei har mem. ‘Mei in jier of twa, ast fyftjin bist, meist fan de kening nei boppen, krekt lykas dyn suskes!’ Sirenetta hie o sa’n langst nei de wrâld fan de minsken en harke mei sân pear earen nei de ferhalen fan har susters. Sa gau as se weromkamen fan it wetteroerflak, frege se hûndert út, sa nijsgjirrich wie se. En wylst Sirenetta wachte op de dei dat hja ek nei boppen mocht om de ûnbekende wrâld te ûntdekken, brocht se de tiid troch yn har prûze seetún. De seehynderkes beselskippen har en somtiids kaam in dolfyn om mei har te boartsjen. Allinne de ûnfreonlike seestjerren joegen nea antwurd as hja se rôp.

Lang om let kaam dan dochs de jierdei dêr’t se sa lang nei útsjoen hie. De nachts tefoaren krige se gjin wink yn de eagen. Moarns rôp Sirenetta har heit syn dochter by him, struts har oer it moaie goudkleurige hier en skode in prachtige blom tusken har krollen. ‘Sa, no meist nei boppen. Do silst lucht ynsykje en de loft sjen. Mar tink hjir om, it is ús wrâld net. Wy kinne dy allinne mar besjen en bewûnderje. Wy binne de bern fan de see en hawwe gjin siel, lykas de minsken. Wês foarsichtich en hâld dy fier fan harren. Hja bringe jin inkeld ûnlok!’ Sirenetta tute har heit en skeat fluch nei it oerflak fan de see. Hja swypke sierlik mei har krêftige, kliene sturt en dat joech har sa’n gong dat sels de fisken har net byhâlde koene.

En doe kaam se boppe wetter. Wat in fnit! Foar it earst seach hja de wide blauwe loft. It begûn al in bytsje te tsjusterjen. De earste stjerren begûnen te twinkeljen. De sinne stie krekt boppe de kym en stjoerde syn lêste goudene strielen oer de dynjende weagen. Heech boppe Sirenetta fleach in flecht seekobben. Fleurich alkjend begroeten de fûgels har. ‘Ô, wat prachtich!’ rôp se útskroeven. En wat ek sa moai wie: in skip foer stadich nei de rots dêr’t hja op siet. De matroazen smieten it anker út en dêr lei it skip súntsjes te dynjen op de kalme see. Sirenetta seach hoe’t de manlju oan board oan it wurk wiene en lantearnen opstutsen foar de nacht. Hja koe harren lûd dúdlik hearre. ‘Wat woe ik graach mei harren prate,’ sei se yn harsels. Mar doe seach se drôf nei har lange, linige sturt dy’t har fuotten ferfong. ‘Ik kin nea wurde lykas sy,’ preuvele se.

Oan board fan it skip wie it ynienen in drokte fan komsa en justjes letter waard de loft ferljochte troch in gerdyn fan kleurige ljochtsjes en hearde se it lûd fan knappend fjoerwurk. ‘Dat de kaptein lang libje mei! Hoera foar syn tweintichste jierdei. Hoera… hoera!’ Ferheard seach de lytse seemearmin nei de jongfeint foar wa’t it fjoerwurk ôfstutsen wie. Grut en weardich stie er dêr en glimke lokkich. Sirenetta koe har eagen net fan him ôfhâlde. Hja folge elk ferweech fan him en wie yn de besnijing fan alles wat der barde.

It feest gong troch, mar de see waard ûnrêstiger. Sirenetta krige yn ‘e rekken dat der gefaar wankte foar de mannen. In iiskâlde wyn swypke de weagen heech op, de roetswarte loft waard troch de wjerljocht yn twaen skuord en doe bruts der in ferskriklik ûnwaar los. It wiisde sa slim, dat it skip hopeleas ferlern like. Om ‘e nocht rôp Sirenetta: ‘Pas op! Pas op foar de see…’ mar de giizjende wyn droech har wurden in oare kant út en de weagen sloegen oer it dek. Matroazen raasden, mêsten brutsen, seilen stoarten del en mei in yslik kreakjend gestin sonk it skip.

Yn it ljocht fan ien fan de lantearnen hie Sirenetta sjoen dat de jonge kaptein oerboard slein wie. Hja swom nei it plak ta om him te rêden, mar koe him net mear fine. Doe’t se nei in skoft efter de pûst rekke en op ‘e wip stie it mar oer te jaan, dûkte hy hommels lyk njonken har op út de weagen. In tel letter waard er yn har earmen smiten. De kaptein wie bûten westen en de seemearmin hold him de holle boppe wetter yn de grime see. Hja woe syn libben rêde. Oerenlang hold se him sa fêst, wrakseljend tsjin har wurgens.

Like hommels as dat de stoarm opstutsen wie, belune hy ek wer. Yn de skiere mist dy’t oer de noch wylde, kroeze see hong seach Sirenetta tankber dat der lân yn sicht wie. Holpen troch de krêft fan de weagen treau se de jonge kaptein it strân op. Om’t se sels net rinne koe, siet se njonken de drinkeling en wreau har yn ‘e hannen. Har sturt sloech súntsjes hinne en wer yn it ronfeljende wetter. Sa besocht se de jongfeint mei har eigen lea te waarmjen. Ynienen hearde Sirenetta stimmen en skrille op. Gau liet se har yn djipper wetter glide.

‘Kom gau! Kom!’ rôp in frouljuslûd oerémis. ‘Hjir leit in drinkeling. Sjoch, hy is bûten westen!’ De kaptein wie no yn goede hannen. ‘Wy moatte him nei it kastiel bringe.’‘Nee, nee, wy kinne better help helje…’ Doe’t de kaptein nei ferrin fan tiid syn eagen opsloech, wie it earste wat er seach it kreaze antlit fan de jongste fan in groepke fan trije froulju.

‘Tige by tige tank, jimme hawwe… myn libben… rêden,’ sei er tsjin de kreaze, ûnbekende frou.

Út de see wei seach Sirenetta hoe’t de man dy’t hja út de weagen helle hie, oerein gong, him omdraaide en nei it paleis ta gie. Hy wist net dat er syn libben te tankjen hie oan in seemearmin. Wylst Sirenetta stadich werom swom nei de djippe see, wist hja dat se op it strân immen efterlitten hie dy’t se nea ferjitte kinne soe. Hoe hearlik hiene dy njoere oeren yn de stoarm west, doe’t se mei him yn har earmen fochten hie tsjin de wyn en it wetter. En wylst se werom swom nei har heite paleis yn de djipte, kamen har suskes har temjitte. Hja woene witte wêrom’t se sa lang boppe wetter bleaun wie.

Sirenetta sette út ein mei it fertellen fan har ferhaal, mar ynienen stike it har yn de kiel. Hja barste yn triennen út en gong gau nei har keamer. Dêr sluet se har dagen oanien op. Hja iet net mear en woe gjinien mear sjen. Hja hie goed yn ‘e rekken dat se swak moed hawwe koe op har leafde foar de jonge kaptein, want hja wie in seemearmin en koe nea mei in minske trouwe. Allinne de Tsjoenster fan de Djipte koe har helpe. Mar hokker priis soe se dêrfoar betelje moatte? Sirenetta gong hinne en frege it de heks. ‘… dus do woest wier fan dyn fiskesturt ôf en dêrfoar yn it plak in pear frouljusskonken hawwe?’ frege de skrikbaarlike tsjoenster lulk. De hoale, de spelonk dêr’t hja yn wenne waard bewekke troch in ûnhuer grutte inketfisk. ‘Ik wik it dy,’ gong se fierder, ‘do silst helske pine lije. Do krigest it gefoel dat in swurd dy midstwa hakket. En alle kearen dat dyn fuotten de grûn reitsje silst wer dy alderferskuorrendste pine fiele.’

‘Dat kin my neat skille,’ lústere Sirenetta mei de triennen yn de eagen. ‘As ik mar nei him weromgean kin.’ ‘En dêrmei is noch net alles sein!’ rôp de heks. ‘Yn ruil foar myn tsjoen moatst my dyn moaie stim jaan. Do silst nea wer in wurd útbringe kinne en tink derom, as de man dy’tsto leavest mei in oar trout, silst nea wer in seemearmin wurde kinne. Do silst ferrane mei it wetter lykas it skom op de weagen.’

‘Ynoarder,’ sei Sirenetta dy’t begearlik de stopflesse oanfette dêr’t de toverdrank yn siet. De tsjoenster hie Sirenetta fernijd dat de jonge kaptein winlik in prins wie. De lytse seemearmin swom nei in plak yn de see, net fier fan it kastiel. Hja luts harsels op it strân en dronk fan de toverdrank. Hja fielde in pine dy’t dwers troch alles hinne gong en ferlear it bewustwêzen. Doe’t se wer bykaam seach se dizich it gesicht fan har leafste. Glimkjend seach er op har del.

De toverdrank fan de tsjoenster hie syn útwurking hân want de prins hie in frjemde langst field: hy moast en soe nei it strân, krekt doe’t Sirenetta dêr oanspielde. Hy wie omtrint oer har stroffele en omdat er it him noch goed tebinnenbringe koe hoe’t er sels ienris op it strân oanspield wie, hie hy hoeden syn mantel oer it stille lichem lein dat troch de weagen op it strân brocht wie. ‘Wês net bang,’ sei er fluch. ‘Do bist hjir feilich. Wêr komst wei?’ Mar Sirenetta wie no har stim kwyt en koe gjin antwurd jaan. De jongkeardel aike oer har wiete wangen. Ik nim dy mei nei it kastiel en sil foar dy soargje,’ sei er.

Yn ‘e tiid dy’t folge begûn de seemearmin oan in nij libben. Hja krige bjuster moaie jurken oan en gong faak te hynsteriden mei de prins. Op in jûn wie se útnoege foar in eptich bal oan it hof. Mar… sa’t de tsjoenster foarsein hie, wie elke beweging, elke stap in tamtaasje foar Sirenetta. Hja droech har lijen lykwols mei weardichheid, bliid dat se sa ticht by de prins wêze koe. En al koe se net tsjin him prate, likegoed wie hy hiel aardich foar har, hy mocht har sels graach lije.

Mar syn hert hie de jonge prins ferlern oan de ûnbekende dame dy’t er sjoen hie doe’t er op it strân oanspield wie. Hja wie lykwols weromgien nei har eigen lân. Hoe wiis oft er ek mei Sirenetta wie, de ûnbekende dame wie him altiten yn ’t sin. En it fertriet fan de lytse seemearmin dy’t fielde dat hja net de wiere leafde wie, waard grutter.Yn de nacht slûpte se gauris it paleis út en gûlde op it strân. Ien kear miende hja dat se har suskes út de see wei opdûken en nei har swaaien seach, mar dêrtroch waard se allinne mar fertrietliker.

It lot hie no nóch in net sa noflike ferrassing foar har yn ’t fet. Út de útsjochtoer fan it kastiel wei waard op in dei de komst fan in tige grut skip sjoen dat de haven ynsylde. De prins en Sirenetta rûnen tegearre nei de kaai. En wa stapte fan de barte? It wie de ûnbekende dame dêr’t de prins al sa lang fereale op wie. Hastich rûn er nei har ta om har te begroetsjen. It hert waard Sirenetta sa kâld as in stien. Hja soe de prins foar altyd ferlieze… De ûnbekende dame hie de jongfeint dy’t se op it strân fûn hie likemin ferjitte kind en al gau frege hy har oft se mei him trouwe woe. Hja wie ek fereale en sei bliid: ‘Ja!’

In dei of wat nei de brulloft waard it lokkige pear útnoege foar in reis mei it grutte skip, dat noch hieltyd yn de haven lei. Sirenetta gong ek oan board en it skip foer út. It waard jûn. Siik fan fertriet oer it ferlies fan de prins stie Sirenetta oan dek. It kaam har yn ’t sin wat de tsjoenster foarsein hie en woe har libben deroan jaan troch te ferranen mei de see. Ynienen hearde se in gjalp út it wetter wei en seach skimerich har suskes yn it tsjuster. ‘Sirenetta, Sirenetta, wy binne it, dyn suskes! Wy ha heard wat der bard is. Sjoch, sjochst dit knyft? It is in toverknyft. De tsjoenster hat it ús jûn yn ruil foar ús hier. Pak ta! Deadzje de prins foár moarnier, dan wurdsto wer in seemearmin en is alle ellinde oer!’

As wie hja sels betsjoend, griep Sirenetta it knyft en rûn nei de hutte dêr’t de prins en syn breid te sliepen leine. Hja seach nei it sliepende antlit fan de man en wurp him inkeld mar temûk in tútsje ta. Doe draafde se wer werom nei it dek. Sa gau as it ljocht waard, goaide se it knyft yn ‘e see, seach even nei de wrâld dy’t se efter har liet en dûkte yn de weagen, klear om te ferranen mei it wetter dêr’t se útkaam wie.

De sinne ferskynde boppe de kym en stjoerde in lange, goudene ljochtstriel oer de see. Foar it lêst seach Sirenetta dernei. Hommels waard se troch in heimsinnige krêft mei in skuor ta it kâlde wetter út lutsen. Hja fielde dat se heech yn de loft tild waard. De wolken wiene blijread, de see rûze yn de iere moarntiidswyn en de lytse seemearmin hearde klokken lieden en dertrochhinne in stim: ‘Sirenetta, Sirenetta, gean mei ús mei.’

‘Wa binne jimme?’ frege de mearmin dy’t ta har fernuvering fernaam, dat se wer prate koe. ‘Wêr bin ik?’

‘Do bist by ús yn ‘e loft. Wy binne de feeën fan de loft. Wy ha gjin siel lykas de minsken, mar ús taak is om noed te stean foar harren. Fee fan de loft kinst allinne mar wurde ast goed west hast foar de minsken.’ Yn it moed taast seach Sirenetta nei de see djip ûnder har, nei it skip fan de prins en fielde de triennen yn de eagen opwâljen. De feeën fan de loft flústeren tsjin har: ‘Sjoch, de blommen fan de ierde steane te wachtsjen oant ús triennen feroarje yn moarnsdauwe. Gean mei ús mei…’

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious