De sturt fan de bear

Der wie ris in fisker dy’t syn brea fertsjinne mei it suteljen mei fisk, dy’t er sels fong. Alle dagen lade hy syn fangst op in karre dy’t troch hynders lutsen waard en ried er by syn klanten lâns.

Op in kâlde winterdei ried de fisker troch de bosk. In foks rûkte de fisk en slûpte op in ôfstân efter de karre oan. De fisker bewarre de forellen yn langwerpige, reiden kuorren en doe’t de foks de fisk seach, rûn it wetter him om ‘e tosken. Hy doarde net op ‘e karre te ljeppen om in fisk te stellen, omdat de fisker in lange swipe hie dy’t er út en troch klappe liet om de hynders oan te trúnjen. Mar de lucht fan de farske fisk wie sa ferlokjend, dat de foks syn eangst foar de swipe fergeat, op de karre sprong en mei in rêde klap fan syn poat in reiden koer yn de snie reage. De fisker fernaam der allegear neat fan en ried kalm troch.

De foks wie bliid as in protter. Hy die de koer iepen en woe oan syn miel begjinne, doe’t der ynienen in bear opdûkte efter in grutte strûk wei.
‘Wêr hast dy moaie forellen wei?’ frege de grutte bear mei ropske eagen.
‘Ik haw sitten te fiskjen,’ antwurde de foks kalmwei.
‘Fiskje? Hoe kin dat no? De mar is ommers beferzen!’ sei de bear ferheard. ‘Hoe kinst dan fiskje?’
De foks woe besykje om de bear mei in ferlechje fuort te krijen, oars soe er de fisk mei him diele moatte. It iennige oannimlike antwurd dat er betinke koe wie: ‘Ik haw mei myn sturt fiske!’

‘Mei dyn sturt?’ rôp de bear noch ferhearder. ‘Stjerrende wier, mei myn sturt. Ik haw in gat yn it iis makke en dêr myn sturt yn stoppe. Eefkes letter waard ik yn myn sturt biten, ik luts him ta it wetter út en… dêr hong samar in fisk oan de punt!’ liigde de foks. De bear fielde him oan de sturt en krige it wetter al yn de mûle. ‘Tanke foar de tip!’ rôp er. ‘Ik gean ek te fiskjen!’

De mar wie dêr net fier wei, mar it iis wie tige tsjok en hy hie der wol klauwen oan der in gat yn te meitsjen. Mei syn lange kloeren slagge it him lang om let lykwols. De tiid hold gjin skoft en it waard al mar kâlder. De bear huvere, mar hy bleau by it wek sitten mei de sturt yn it wetter. Der kaam mar gjin fisk dy’t tabiet…
De bear siet no te fermjirkjen fan de kjeld en om syn sturt hinne begûn it wetter wer te befriezen. Doe fielde er wat dat like op in byt yn de punt fan syn iiskâlde sturt. Hy luts sa hurd as er koe en hearde wat kreakjen en tagelyk fielde er in fûle pine. Hy seach om, want hy woe witte hokfoar in fisk oft er fongen hie, mar hy seach dat syn sturt dy’t yn it iis siet, derôf skuord wie.
Sûnt dy tiid hawwe bearen inkeld noch mar in stompeltsje yn stee fan in grouwe, lange sturt.

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious