Readmûtske

Der wie ris in leaf, lyts famke. Elkenien dy’t har seach, mocht har graach lije, mar har beppe hold wol it aldermeast fan har. Hja wist sljochtwei net wat se it bern allegear jaan moast. Op in dei joech se har in mûtske fan read ferwiel, en om’t it har sa goed stie en hja neat oars mear drage woe, hiet se tenei Readmûtske.

Op in moaie simmermoarn sei har mem: ‘Kom Readmûtske, hjir hast in stik koeke en in flesse wyn, bring dy ris nei beppe ta. Hja is siik en swak; it sil har goed dwaan. Meitsje dy fêst klear, foardat it te waarm wurdt. En ast giest, bliuw dan kreas op it paad, want oars falst en brekst de flesse en dan hat beppe neat. En ast by har yn ‘e hûs komst, ferjit dan net ‘Goemoarn’ te sizzen en sneup net earst alles bylâns !’ ‘Ik sil dwaan wat mem seit,’ sei Readmûtske tsjin har mem.

Beppe lykwols wenne yn de bosk, in healoere fan it doarp. Doe’t Readmûtske yn ‘e bosk kuiere, kaam se de wolf tsjin. Mar Readmûtske wist net dat it in gemien bist wie en hja wie net bang fan him.
‘Goemoarn Readmûtske !’ sei er.
‘Goemoarn wolf !’
‘Wêr giesto sa betiid hinne, Readmûtske?’
‘Nei ús beppe.’
‘Wat hast dêr ûnder dyn skelk?’
‘Koeke en wyn. Juster ha wy oan it bakken west en no moat beppe, dy’t siik en swak is, har dêr mar ris oan tegoed dwaan, sadat se wer opweidet.’
‘Readmûtske, wêr wennet dyn beppe ?’
‘In kertier fierderop yn ‘e bosk, ûnder de trije grutte ikebeammen, stiet har hûs; ûnder binne de nutehagen ommers, dat witst dochs wol’, sei Readmûtske.

De wolf tocht by himsels: sa’n jong, soppich ding, dat is in smaaklik hapke; hja sil noch better smeitsje as dy âlde. Ik moat it tûk oanlizze, sadat ik se beide snippe kin. Hy rûn in skoftke mei Readmûtske op, doe’t er sei: ‘Readmûtske, sjoch ris nei dy moaie blommen dy’t oeral steane. Wêrom sjochst net om dy hinne ? Ik leau datst hielendal net hearst hoe leaflik oft de fûgeltsjes sjonge. Do rinst mar troch sûnder op of om te sjen as soest nei skoalle ta, en it is sa hearlik hjir yn ‘e bosk.’

Readmûtske seach op, en doe’t se seach dat de sinnestrielen tusken de beammen hinne en wer dûnsen en der oeral moaie blommen stiene, tocht se: beppe sil der nocht oan ha as ik in farsk rûkerke foar har meibring ; it is noch sa betiid dat ik likegoed wol op ‘e tiid kom. Hja rûn fan it paad ôf de bosk yn en begûn blommen te plôkjen. As se ien plôke hie, seach se fierderop ien stean dy’t se noch moaier fûn en dan rûn se derhinne en bedarre dêrtroch hieltyd djipper yn ‘e bosk. De wolf lykwols gong streekrjocht nei it hûske fan beppe en kloppe op ‘e doar.

‘Wa is dêr ?’
‘Doch iepen, it is Readmûtske mei koeke en wyn !’
‘Jou mar in triuw op ‘e klink !, rôp beppe, ‘Ik bin te swak om oerein te gean.’ De wolf treau op ‘e klink, de doar spatte iepen, en hy rûn sûnder in wurd te sizzen streekrjocht op beppe ta, dy’t op bêd lei, en friet har yn ien swolch op. Doe die er har klean oan, sette har mûtse op, luts de gerdinen ticht en gie ûnder har lekkens op bêd lizzen.

Readmûtske hie yn ‘e tuskentiid in hiel soad blommen plôke en doe’t se safolle garre hie dat se net mear drage koe, tocht se ynienen wer oan beppe. Hastich sette se ôf nei har hûske. It fernuvere har, dat de doar iepenstie. Doe’t se it hûske yngie, kaam it har sa nuver oan dat se tocht: O, ik wurd sa kjel, en oars bin ik sa graach by beppe ! Hja rôp: ‘Follek!’, mar hja krige gjin antwurd. Doe rûn se op it bêd ta en die de gerdinen iepen. Dêr lei beppe. Hja hie de mûtse djip oer har gesicht lutsen en seach der sa healwiis út.
‘Mar beppe, wat hawwe jo grutte earen!’
‘Dat is om better hearre te kinnen!’
‘Mar beppe, wat hawwe jo grutte eagen!’
‘Dat is om better sjen te kinnen!’
‘Mar beppe, wat hawwe jo grutte hannen!’
‘Dat is om better gripe te kinnen!’
‘Mar beppe, wat hawwe jo in ôfgryslik grutte mûle!’
‘Dat is om dy better opite te kinnen!’
Skraach hie de wolf dat sein of hy sprong ta it bêd út en ferslynde earme Readmûtske. Doe‘t de wolf sêd wie, gong er wer op bêd lizzen, foel yn ‘e sliep en begûn lûd te snoarkjen.

De jager rûn krekt by it hûske lâns en tocht: wat snoarket dat âldminske ! Ik moat der ris hinne te sjen oft har wat skilt. Hy gong yn ‘e hûs en doe’t er by it bêd stie, seach er dat de wolf deryn lei. ‘Bisto hjir, âlde dogeneat,’ sei er, ‘ik haw lang om dy socht.’ Hy woe syn gewear rjochtsje, mar doe tocht er derom dat de wolf beppe faaks opiten hie en dat se miskien noch te rêden wie. Dêrom skeat er net, mar naam in skjirre en begûn it liif fan de sliepende wolf iepen te knippen. Doe’t er in pear kear knipt hie, sprong it famke derút en rôp : ‘Och, wat bin ik skrokken, it wie sa tsjuster yn it liif fan de wolf!’ Dêrnei kaam de âlde beppe der ek noch libben út en hja gappe nei de siken.

Readmûtske helle gau in pear grutte stiennen op. Dy diene se yn it liif fan de wolf en naaiden him ticht. Doe’t er wekker waard, woe er hastich út bêd wei spatte om gau út te naaien, mar de stiennen wiene sa swier dat hy fuort yninoar sakke en dea delfoel.

Doe wiene se alle trije bliid. De jager filde de wolf en naam de pels mei nei hûs ta. Beppe iet de koeke en dronk de wyn op dy’t Readmûtske foar har meibrocht hie en waard wer better. Mar Readmûtske tocht : ik sil nea wer allinne de bosk yn gean as mem it my ferbean hat.

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious