Jaap en de beanstâle

Der wie ris…

…in earme widdo dy’t mei har soan Jaap yn in lyts hûske wenne. It iennige dat hja besieten wie in melkko. Doe’t de ko te âld wurden wie, stjoerde de mem Jaap derop út om it bist te ferkeapjen. Ûnderweis nei de merk kaam de jonge in frjemdling tsjin.
‘Ik jou dy fiif toverbeannen foar de ko,’ sei de man.
Jaap liet it efkes yn him omgean, mar it idee om de ko tsjin sa’n aparte priis te ferkeapjen noaske him sa bot, dat er derop yn gong.

Doe’t er thús kaam, wie syn mem poer op him en rôp: ‘Grutte sûch! Wat hast no dien? Wy hienen it jild nedich om in keal te keapjen. No binne wy der inkeld earmer op wurden!’ Jaap fielde him skuldich. ‘Allinne in dwylholle ruilet in ko foar fiif beannen!’ raasde syn mem.
Read fan lilkens smiet se de fiif beannen ta it rút út en stjoerde Jaap sûnder iten op bêd.

Mar doe’t de jonge de oare moarns bûtendoar kaam, seach er ta syn ferheardens in ûnbidich grutte beanstâle stean dy’t dy nachts begûn wie te waaksen en dy’t no oant fier yn de wolken rikte. ‘Dit moatte de toverbeannen west ha,’ flústere Jaap.
Nijsgjirrich klom de jonge by de plant op en doe’t er by de top kaam wie, siet er hielendal yn de wolken. Ferwûndere seach Jaap om him hinne en seach in ôfgryslik grut kastiel fan skiere stien. ‘Wa soe dêr wenje?’ frege er himsels benijd en tagelyk krige er yn ‘e rekken, dat der in paad rûn nei it kastiel. Hoeden stapte er op de wolken. Doe’t er fernaam dat er der op stean koe, draafde er it paad del nei it kastiel ta. Justjes letter stie er foar de grutte poarte. Hy waard hieltyd nijsgjirriger. Hy kloppe in pear kear op ‘e doar, mar der wie net ien dy’t iepen die. Jaap seach dat de doar op ‘e kier stie. Hy treau mei de hiele lea tsjin de poarte oan, dy’t kreakjend iepen begûn te draaien.

‘Wat moatst hjir?’ hearde hy ynienen in tongerjend lûd sizzen. Boppe him út tuorke de grutste frou dy’t er ea sjoen hie. Jaap koe allinne mar stammerje: ‘Ik bin it paad bjuster. Hawwe jo faaks wat te iten foar my? Ik haw sa’n honger.’
De frou, dy’t gjin bern hie, seach him in bytsje freonliker oan. ‘Kom deryn, gau, dan jou ik dy in beker molke, mar meitsje gjin leven, want myn man, de reus, yt graach bern. Ast him oankommen hearst, moatst fuortendalik weikrûpe!’
Jaap huvere, sa benaud wie er. Mar likegoed rûn er efter de frou oan. De molke dy’t se him joech wie hearlik en Jaap hie omtrint syn mok leech doe’t er him ferslokte: op ‘e gong hearde hy in alderheislikst gebear, want de reus kaam thús.
‘Ri-ra-ri-ra-Reis, ik rûk minskefleis!’ boldere de reus.
‘Fluch, krûp wei,’ lústere de frou en hja treau Jaap yn ‘e ûne.
‘Rûk ik in bern?’ brinzge de reus dy’t der ynkaam en om him hinne seach, sneupend, fol kweabetinken.
‘In bern?’ werhelle de frou. ‘Do sjochst en hearst oeral bern. Tinkst oan neat oars. Gean sitten, dan bring ik dy dyn iten!’
Krimmenearjend geat de reus in kanne fol wyn yn en dronk him út by it iten dat syn frou him brocht hie.

Nei it iten telde er alle gouden munten dy’t er besiet in pear kear nei en foel doe yn ‘e sliep mei ien foet op ‘e tafel. In skoftke letter galme syn tongerjend gesnoark troch it hiele kastiel. De reuseftige frou gong hinne en makke it bêd op foar har man. Jaap – dy’t wer út de ûne krûpt wie – seach de goudstikken op ‘e tafel lizzen en die se yn in ponge. ‘Ik hoopje dat er my net sjocht, oars yt er my mei hûd en hier op,’ tocht Jaap huverjend fan benaudens. It hert bûnze him yn ‘e kiel. De jonge wie net allinne bang foar de reus, mar ek alhiel út ‘e rifels, om’t syn mem en hy no ryk wienen. Hy snjitte oer it paad oer de wolken werom nei de beanstâle en klattere sa rêd mooglik nei ûnderen.

Doe’t er op it lêst op ‘e grûn joepste, stie syn mem him op te wachtsjen. Sûnt Jaap fuort wie, hie de earme frou – siik fan eangst en ûngerêstens – nei de ûnhjirmlik grutte beanstâle op stien te sjen. Triomfantlik hold Jaap de ponge mei goud omheech. Syn mem spatte yn triennen út. ‘Wêr hast west, smoarge jonge? Ik siet sa yn noed oer dy! Wat is dit foar in plant? Wat…’
Jaap foel har yn it wurd en rôp bliid: ‘Sjoch ris, mem, it wie in goed idee en ruilje dy ko foar de toverbeannen!’ En de jonge fertelde syn mem wat der bard wie. Al gau waard it simpele hûske fan de widdo ta in smûk wenstee. De gouden munten waarden allegearre dingen fan kocht dy’t Jaap en syn mem oars nea earder keapje kind hienen. Hja wienen der tige bliid mei. Mar fansels begûn nei in setsje it jild op te reitsjen. Doe’t it lêste goudstik útjûn wie, betocht Jaap dat er werom gean soe nei it kastiel boppe de wolken.

Ditkear slûpte de jonge deryn troch de pizel – dat is in grutte ytkeuken – fan it kastiel en hold him wer ferside yn ‘e ûne. Koart dêrnei kaam de reus yn ‘e hûs en luts wer oan de noas. ‘Ik rûk bern!’ rôp er tsjin syn frou. De frou lykwols hie gjinien ynkommen sjoen en sloech dêrom syn opmerking amper acht. Nei it iten sette de reus in hin op ‘e tafel. De hin lei gouden aaien. Jaap seach de wûnderhin troch in skreef fan it ûnedoarke. Hy wachte oant de reus yn ‘e sliep fallen wie, sprong út ‘e ûne, griep de hin en stode it kastiel út. Mar de hin begûn sa te keakeljen dat er de reus wekker makke. Hy spatte oerein en boldere: ‘Dief! Smoarge dief!’
Mar Jaap wie al withoe fier fuort. Op ‘e nij stie syn mem oan de foet fan de beanstâle te wachtsjen, dea-ûngerêst.

‘Hast oars net? In hin?’ sei se teloarsteld. Jaap sette de hin op ‘e grûn del en sei: ‘Wachtsje mar ôf!’ Yndied lei de hin nei in hoartsje in gouden aai en die dat tenei elke dei. Njonkelytsen waarden Jaap en syn mem ryk. Harren hûs waard hielendal ferboud. Timmerlju ferfongen it dak en lieten it stypje op prachtige moarmeren pylders. Boppedat bouden hja der in pear nije keamers by. Jaap en syn mem kochten skilderijen, lewantkleden, Perzyske tapiten, spegels en in hiele protte húsrie. It suterich klintsje wie neat fan werom te finen. Hja swommen yn wielde.

Hoe ryk oft hja ek wienen, hja fergeaten de jierren fan earmoed nea. Wa’t ek mar by harren oankloppe, hy of hja krige rak en dak. Mar jild makket net jimmer lokkich. Jaap syn mem waard hommels slim siik, alteast sa like it. Net ien fan alle dokters dy’t har ûndersochten, koe útfine wat har skeelde. De frou wie swiersettich en drôf te moede, iet hieltyd minder en hie nearne nocht oan. Hja glimke noch mar kwealik en soks allinne as Jaap by har wie. Har soan probearre har op te fleurjen, mar dat slagge mar krekt. De frou tsjirme stadichoan wei. Jaap liet in ferneamde sirkusklown komme. Mar it slagge him likemin Jaap syn mem út de lytse loege te heljen.

Jaap wie der skjin mei oanhelle. Alle gouden aaien fan de hin wienen om ‘e nocht en koenen syn mem net genêze, dat dêrom betocht er wat oars. ‘Wêrom gean ik net werom nei it kastiel fan de reus? Faaks fyn ik dêr in útwei,’ sei er yn himsels. It griisde him oan as er wer tocht oan de slaaien fan hannen fan de reus en de ferskriklike, grutte mûle. Mar hy woe syn mem helpe en dat joech him safolle moed dat er op in jûn wer by de beanstâle opkliuwde nei boppen ta. Dizze reis kladdere hy ta it kastiel yn troch in iepen rút. Hy slûpte yn it tsjuster nei de pizel en krûpte wei yn in ferskuorrend grutte pot. Nei it iten helle de reus syn toverharpe foar it ljocht, in ynstrumint dat sjonge en de moaiste muzyk spylje koe. Wylst er nei de moaie muzyk harke, foel er yn ‘e sliep. Jaap siet ek yn de pot as betsjoend te harkjen. Doe’t er op it lêst de reus snoarkjen hearde, treau er it lid fan de pot omheech en seach it bysûndere ynstrumint: in harpe fan klearebare goud. Fluch klom er op ‘e tafel, snipte de harpe en gong dermei hinne, mar it ynstrumint makke de reus wekker en rôp: ‘Master, master, wurd wekker! In dief nimt my mei!’ De reus skrok wekker, wist efkes net wêr’t er wie, en begriep doe wat der te rêden wie. Hy sprong oerein en fleach efter Jaap oan. De jonge draafde sa hurd as er koe en de harpe rôp mar troch. ‘Hâld dy stil! Stil! Ast foar my spilest silst folle lokkiger wurde!’ hime Jaap. No kaam er wer oan by de folblêdige krún fan de beanstâle dy’t tusken de wolken útstike. De harpe liet gjin lûdsje mear hearre en de reus seach Jaap net delklimmen.

Doe’t Jaap wer ûnder wie, rôp er syn mem. ‘Sjoch ris wat ik foar mem meibrocht haw!’ De harpe spile ien fan syn betsjoenende melodyen en Jaap syn mem glimke ynienen hiel bliid. Mar boppe yn de wolken hie in oarenien it moaie liet fan de harpe ek heard. Jaap waard o sa kjel doe’t er seach dat de grouwe beanstâle begûn te skodzjen fan in swier gewicht: de reus kaam nei ûnderen… Ferstopje de harpe en bring my in bile. Ik moat de plant omhakje, ear’t de reus ûnder is!’ raasde Jaap fan de opwining tsjin syn mem. Hja koenen de meunstereftige learzens fan de reus al sjen doe’t de plant en de reus tegearre delstoarten yn in ravyn, in berchkleau. De frou fan de reus kaam nea oan ‘e weet wat der bard wie mei har man.

De betsjoenende muzyk fan de harpe makke Jaap syn mem hielendal better. Hja wie wer lokkich en blier. De hin gong fierder mei it lizzen fan gouden aaien. Der wie gâns feroare yn it libben fan Jaap sûnt de deis dat er de ko ruile hie. Mar sûnder syn moed en tûkens soenen hy en syn mem it lok nea fûn hawwe.

Oersetting: Lútsen Bakker

Deel deze info

  • Facebook
  • Twitter
  • Delicious