Blauburd
Der wie ris… in rike en machtige lânhearre dy’t yn Frankryk wenne en in protte boerepleatsen besiet, in soad lân en in bjuster moai kastiel. Syn namme wie Blauburd. Dat wie net syn wiere namme, it wie in tanamme dy’t er te tankjen hie oan syn lang, rûch, swart burd dêr’t in blauwe glâns oer lei. Hy wie hiel himmel en ynnimmend, mar der wie wat oan him wat makke, dat de minsken in bytsje skruten fan him wiene en wêrtroch’t se harren by him net rjocht noflik fielden. Blauburd wie faak oan it oarlogjen en as er dat die, liet er syn frou noed stean foar it kastiel, dat wol sizze dat hja húswarje moast – ‘kastielwarje’ yn dit gefal.