Mearkes

Jaap en de beanstâle

Der wie ris…

…in earme widdo dy’t mei har soan Jaap yn in lyts hûske wenne. It iennige dat hja besieten wie in melkko. Doe’t de ko te âld wurden wie, stjoerde de mem Jaap derop út om it bist te ferkeapjen. Ûnderweis nei de merk kaam de jonge in frjemdling tsjin.
‘Ik jou dy fiif toverbeannen foar de ko,’ sei de man. Lês fierder…

Rûpelstâltsje

Der wie ris in earme mûnder dy’t in kreaze dochter hie. Hy rekke tafallich ris mei de kening yn petear en om te swetsen sei er : ‘Ik haw in dochter dy’t fan strie goud spinne kin.’ De kening sei tsjin de mûnder : ‘Dat fyn ik in moaie keunst ; as jo dochter sa tûk is as jo sizze, bring har dan moarn nei myn kastiel, dan sil ik har ris hifkje.’
Lês fierder…

Readmûtske

Der wie ris in leaf, lyts famke. Elkenien dy’t har seach, mocht har graach lije, mar har beppe hold wol it aldermeast fan har. Hja wist sljochtwei net wat se it bern allegear jaan moast. Op in dei joech se har in mûtske fan read ferwiel, en om’t it har sa goed stie en hja neat oars mear drage woe, hiet se tenei Readmûtske.
Lês fierder…

De sturt fan de bear

Der wie ris in fisker dy’t syn brea fertsjinne mei it suteljen mei fisk, dy’t er sels fong. Alle dagen lade hy syn fangst op in karre dy’t troch hynders lutsen waard en ried er by syn klanten lâns.
Lês fierder…

It teltsje fan de tûke boer

Der libbe ris in boer dy’t fier fan syn hûs op de ikkers fan in rike baron arbeide. Foarhinne hiene altyd rôversbinden taholden yn de bergen efter de grutte boulannen, mar de keizer hie syn soldaten de bergen ynstjoerd om mei de rôvers ôf te weven en no wie it gebiet wer feilich. Út en troch waarden der noch âlde wapens fan eardere kampslaggen yn de fjilden fûn. Lês fierder…

De nije klean fan de keizer

Der wie ris… in idele keizer dy’t mar ien soarch yn syn libben hie: hy woe moai klaaid wêze. Sawat alle oeren fan de dei strûpte hy him om en die in oar gewant oan en hy hie der in soad nocht oan om him troch de hoflingen bewûnderje te litten. Der waard yn it hiele lân wakker oer de keizer syn idelheid rabbe, sels oant oer de grinzen.

Lês fierder…

De lytse seemearmin

Der wie ris… in seekening, dy’t yn in prachtich paleis wenne op de boaiem fan de djipblauwe oseaan. Hy wie in wize âlde triton, in seemearman, en hie in lang, wyt burd mei slaggen. It skitterjende paleis wie boud fan kleurige koralen en seenúnders en de kening wenne dêr mei syn seis dochters, alle seis byldmoaie seemearminnen.

Lês fierder…

JISKEPÛSTER

Der wie ris…in ûngelokkich famke. Hja wie net lokkich omdat har mem dea wie, har heit mei in oare frou troud wie – in widdo mei twa dochters – en om’t har styfmem har net lije mocht.

Lês fierder…

Meer mearkes

  • Toarnroaske

    Lang ferlyn wiene der ris in kening en in keninginne dy’t alle dagen tsjin inoar seine: ‘Och, hiene wy mar in berntsje!’, mar hja krigen gjint.

              Op in dei, doe’t de keninginne oan it baaien west hie yn de keninklike fiver en har op ‘e wâl stie ôf te droegjen, kaam der in kikkert ta it wetter út krûpen en prate tsjin har mei de wurden: ‘Jo winsk sil útkomme; ear’t der in jier om is, sille jo in dochter te wrâld bringe.’

    Lês fierder…

  • Sniewytsje en de sân dwergen

    Der wie ris… in dochterke fan in prins dy’t lokkich en tefreden opwoeks yn in grut kastiel, alhoewol’t se in oergeunstige styfmem hie. Hja wie o sa kreas. Hja hie blauwe eagen en lang swart hier. Har hûd wie tear en blank, en dêrom waard se Sniewytsje neamd.

    Lês fierder…

  • Hâns en Grytsje

              DER WIE RIS… in hiel earme bosker dy’t mei syn twa bern Hâns en Grytsje yn in hûske wenne yn ‘e bosk. Syn twadde frou die faak hiel raar tsjin de bern en siet altiten te kleien en te stinnen tsjin de bosker. Lês fierder…

  • De lytse goudfisk

    Der wie ris… in earme fisker dy’t yn in suterich klintsje oan see wenne. Op in dei sette er wer ris ôf om mei syn netten te fiskjen te gean.

                ‘En weagje it net om mei lege hannen thús te kommen!’ rôp syn lestich wiif him nei. Ûnderoan by de see hie er krekt syn netten yn it wetter goaid, doe’t syn each foel op wat glinsterjends tusken de mesken. ‘Wat in nuver fiskje,’ sei er yn himsels en helle in goudgiele fisk út in net. Hy besaude him noch mear doe’t er de fisk dizze wurden sizzen hearde: ‘Bêste fisker, lit my frij. Ik bin de soan fan de Seekening en ast my gean litst, sil ik elke winsk dy’tst mar hast útkomme litte.’

    Lês fierder…

  • Belle en it bist

    Der wie ris… in keapman dy’t nei de merk ta gong. Hy frege syn trije dochters wat er as geskink foar harren meibringe soe. De earste dochter woe in jûpe fan brokaat, de twadde in pearelkeatling, mar de tredde – Belle wie har namme – en de jongste, kreaste en leafste fan de trije, sei tsjin har heit: ‘Ik wol allinnich mar in roas dy’t heit spesjaal foar my plôke hat.’

    Lês fierder…

  • Blauburd

    Der wie ris… in rike en machtige lânhearre dy’t yn Frankryk wenne en in protte boerepleatsen besiet, in soad lân en in bjuster moai kastiel. Syn namme wie Blauburd. Dat wie net syn wiere namme, it wie in tanamme dy’t er te tankjen hie oan syn lang, rûch, swart burd dêr’t in blauwe glâns oer lei. Hy wie hiel himmel en ynnimmend, mar der wie wat oan him wat makke, dat de minsken in bytsje skruten fan him wiene en wêrtroch’t se harren by him net rjocht noflik fielden. Blauburd wie faak oan it oarlogjen en as er dat die, liet er syn frou noed stean foar it kastiel, dat wol sizze dat hja húswarje moast – ‘kastielwarje’ yn dit gefal.

    Lês fierder…

  • Hoe’t Hippo syn hier kwytrekke

    In Afrikaanske fabel oer in pronksk en swetserich nylhoars.

    Ienris, lang lyn, hie Hippo it nylhoars noch hier. It wie in prachtige dûnkerbrune pels, mei hiel ticht hier, sa sêft as side. En grutsk dat er dêrop wie!  Hy paradearre troch de bosk en by de rivier lâns, swaaide eigenwiis mei syn prachtige, side-eftige sturt en wie fan miening dat alle oare bisten him bewûnderje moasten.

    Lês fierder…

  • De skuonmakkers en de elven (filmke)

    Der wie ris in hiel freonlike skuonmakker dy’t libbe mei syn frou. Spitich genôch woe net ien mear syn skuon keapje. Dêrtroch wiene se earm wurden. Hy hie allinnich noch mar wat lear om ien pear skuon fan te meitsjen.

    Lês fierder…

  • Rûpke nea genôch (filmke)

    Yn it ljocht fan de moanne lei in lyts aike op in blêd.

    Op in sneintemoarn kaam de waarme sinne op. En doe kaam út it aike in lyts rûpke dat honger hie. It gong op syk nei iten. Lês fierder…

  • De Kikkertkening (Film)

    De dochter fan de kening hie in glânzjende gouden bal, dêr’t se graach mei boarte. Se goaide him heech yn de loft en fong him dêrnei wer op. Mar op in kear fong se de bal net op. Lês fierder…

  • De Wolf en de sân geitsjes (harkje)

    Der wie ris in âldgeit dy’t sân jonge geitsjes hie. Hja wie der tige mâl mei, lykas elke mem mâl mei har berntsjes is. Op in dei soe se de bosk yn om iten te heljen. Mar earst rôp se har berntsjes by har en sei: ‘Leave bern, ik gean nei de bosk.

    Lês fierder…

  • Superpake op fakânsje

    Op de earste ferdjipping fan in lytse flat wennen Pake en Beppe. Hja wennen dêr al jierren en liken in protte op oare pakes en beppes. Pake hie altyd in grize en sneins in swarte broek oan mei in tear yn ’e boksen, in wyt of blau boesgroentsje en swarte skuon dy’t sà glommen as waarden se alle dagen poetst (wat ek sa wie).

    Lês fierder…

  • Superpake itensiedt

    Op de earste ferdjipping fan in lytse flet wennen Pake en Beppe. Hja wennen dêr al jierren en liken in protte op oare pakes en beppes. Pake hie altyd in grize en sneins in swarte broek oan mei in tear yn ‘e boksen, in wyt of blau boesgroentsje en swarte skuon dy’t sá glommen as waarden se alle dagen poetst (wat ek sa wie).

    Lês fierder…