De Wanda-sêge
In skerpe, feninige noardwestewyn jaget grutte grize, grauwe wolkens oer it lân efter de dunen. De wieljende brâning komt hast oan de smelle rige dunen ta. Goare giele skomflokken rôlje oer it smelle strân. It opstowende sân giselet de seekobben dy’t op it strân gjin lijte fine kinne. In inkelde seefûgel slagget it om op ’e wjokken te gean. As in wite warreling wurdt er troch fûle wynpûsters it lân yn blaasd.