Goedfrysk.nl

De Ried fan de Fryske Beweging hat in nij projekt mei de namme www.goedfrysk.nl. In protte Friezen prate altyd Frysk en tinke yn it Frysk. Se soene har ek wol graach skriftlik yn it Frysk uterje wolle, mar se doarre it net oan omdat se dat net of amper leard hawwe. De hiemside www.goedfrysk.nl is de oplossing foar dat probleem. De Ried hat in tal minsken ree fûn om digitaal tastjoerde teksten nei te sjen. Dy helje de flaters derút. Sy kinne sels útmeitsje oft se mei harren adres op de hiemside stean wolle. Stiet it adres fan in frijwilliger der wol op, dan betsjut dat se ek wol teksten fan minsken direkt by har thús krije wolle en sa nedich trochprate wolle. Dat is benammen mooglik yn doarpen dêr’t eltsenien inoar ken.
De Ried kin noch mear minsken brûke dy’t dit wurk dwaan wolle. De teksten dy’t binnenkomme, kinne hiel ferskillend wêze, fan wichtige e-mails, oant Fryske kollums en in cv ta, wy hawwe wol as beheining net mear as 1500 wurden. Fansels binne we fleksibel mar we moatte dôchs earne in grins oanjaan. De frijwillige helpers helje eventuele flaters derút. Se dogge dit fergees omdat se it wichtich fine dat der mear Frysk brûkt wurdt

De Ried is der grutsk op dat it projekt sa gau foarm krigen hat. Binnen de koartst mooglike tiid wienen der genôch frijwilligers en wie de hiemside yn ’e loft. Neffens foarsitter Jaap van der Bij seit dat wat oer de krêft fan de Ried fan de Fryske Beweging. It tal projekten dat de Ried op priemmen hat, hat nea sa grut west. Ek it tal frijwilligers dat de Ried ynsette kin nimt stadich oan ta al binne der nea genôch. Van der Bij is oertsjûge fan it sukses en hopet dat troch alle projekten de minsken oars foar it Frysk oer stean sille. It Frysk is in folwoeksen taal en sa moat hy behannele wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje op de hiemside fan de Fryske Beweging; www.fryskebeweging.nl en op www.goedfrysk.nl

Kontaktgegevens

Keetwaltje 1
8921 EV
Ljouwert

T: 058-2138913
E: ynfo@fryskebeweging.nl