De Wolf en de sân geitsjes

Der wie ris in âld geit dy’t sân jonge geitsjes hie. Hy wie der tige mâl mei, lykas elke mem mâl mei har berntsjes is. Op in dei soe se de bosk yn om iten te heljen. Mar earst rôp se har berntsjes by har en sei: ‘Leave bern, ik gean nei de bosk.

Harkje nei it ferhaal
Pas goed op foar de wolf. Hy moat net yn ’e hûs komme, want dan fret er jimme mei hûd en hier op, allegearre. De lilke rakkert kin him wol aardich foardwaan, mar oan it heaze lûd en de swarte poaten kinne jimme wol fernimme wa’t it is.’ De geitsjes seine: ‘Leave mem, wy sille goed oppasse. Mem hoecht net oer ús yn noed te sitten. Doe wie de mem gerêst en gie se op paad.

It duorre net sa lang, doe kloppe immen oan de doar en rôp: ‘Doch ris iepen, leave berntsjes. Jimme mem is der en hat foar jimme allegearre wat meinommen.’ Mar de geitsjes hienen daliks wol yn ’e gaten dat it de wolf wie, want hy hie sa’n heas lûd. En se rôpen: ‘Wy dogge de doar net iepen. Do bist ús mem net. Ús mem hat in sêfte stim en do hast in heas lûd. Do bist de wolf.’ Doe gie de wolf nei de winkelman ta en dêr kocht er in grut stik kryt. Hy iet it op en dat makke syn stim sêft. Hy draafde werom nei it húske en kloppe wer op de doar. Hy sei: ‘Doch gau iepen, berntsjes. Jimme mem is der wer en se hat foar jimme wat meinommen.’ Mar op it finsterbank lei de swarte poat fan de wolf. De geitsjes seagen it en se rôpen: ‘Wy dogge de doar net iepen. Ús mem hat gjin swarte poaten. Do bist de wolf.’ De wolf rûn nei de bakker en sei: ‘Ik haw myn poat stjitten; smar my der ris wat daai oerhinne.’ Doe’t de bakker daai oer syn poat hinne strutsen hie, rûn er nei de mûnder ta en sei: ‘Strui my ris wat moal oer dy moat hinne.’ De mûnder tocht dat de wolf him foar de gek hâlde woe. En hy woe it net dwaan. Mar de wolf drige: ‘Ast it net dochste, dan fret ik dy op.’ Doe waard de man dochs benaud en hy goaide moal oer it daai hinne. Ja, sa binne de minsken. Hastich gie de wolf foar de tredde kear nei it húske ta en hy kloppe wer op de doar. ‘Doch gau iepen berntsjes! Jimme mem is der wer en hat foar elk fan jimme wat lekkers út de bosk wei meinommen.’ De geitsjes rôpen: ‘Lit ús earst dyn poat sjen, sadat wy der wis fan binne datsto ús leave mem bitst.’ Doe lei de wolf de poat op it finsterbank. En doe’t de geitsjes seagen dat dy wyt wie, tochten se, dit is ús mem. En se dienen de doar iepen. Mar it wie de mem net dy’t der yn kaam, it wie de wolf.

Wat waarden de geitsjes bang. Se sochten allegearre in skûlplakje. Ien sprong ûnder de tafel, it twadde kroep yn it bêd, it tredde yn ’e kachel, it fjirde yn ’e keuken, it fiifde yn ’e kast, it sechsde ûnder de tobbe, it sânde yn it kastke fan de grutte klok. Mar de wolf socht harren op en slokte harren fuortdaliks troch. Mar it jongste geitsje, dat yn de klok krûpt wie, dat fûn er net.

Doe’t de wolf de geitsjes opfretten hie, slûpte er fuort. Op in stik griene greide gie er ûnder in beam lizzen te sliepen. In skoftke letter kaam de âld geit út de bosk werom. Mar o, wee, wat seach er dêr. De doar stie waachwiid iepen. Stuollen en banken leine ûndersteboppen. De tobbe wie stikken. It bêdeguod wie oer de flier sleept. Se socht en socht om har bern, mar nearne koe se harren fine. Se rôp de geitsjes by de namme. Mar se krigen gjin antwurd. Op it lêst doe’t se de namme fan it jongste rôp, hearde se in sêft stimke: ‘Leave mem, ik sit yn ’e klok ferskûle.’ De mem helle it lytse geitsje der gau út en doe fertelde it wat der bard wie. Doe’t de mem hearde, hoe’t de boaze wolf al har oare berntsjes opfretten hie, wat gûlde se doe. En dat wie gjin wûnder. Op it lêst rûn se yn har grutte ferdriet de doar út en it lytse geitsje gie mei. Doe’t se by de greide kamen, lei dêr de wolf noch ûnder in beam te sliepen en hy snoarke sa bot dat de tûken derfan skodden. Se rûnen om it bist hinne en beseagen it fan alle kanten. En doe seagen se dat yn syn liif wat beweegde.

‘Och hea’, tocht se, soenen myn earme berntsjes, dy’t er sa hastich opslokt hat foar syn jûnsmiel noch yn libben wêze? Se stjoerde it lytse geitsje nei hûs ta om in skjirre, in nulle en jern op te heljen. It geitsje wie gau werom en doe knipte de âld geit it liif fan de wolf iepen. En krekt hie se in gatsje makke, of dêr stiek al in geitsje syn kopke der ta út. En doe’t se fierder knipte, hipten alle seis geitsje de iene nei de oare nei bûten ta. Se wienen allegearre sûn en wol. De wolf hie sa begearich west, dat er se hiel trochslokt hie. Wat wiene se bliid allegearre. De geitsjes kroepen de mem stiif oan en dûnsen as wie it feest. Mar doe sei mem: ‘Sykje no ris in protte balstiennen op. Dan triuwe wy him dêr it liif fol mei. Gau, hy sliept noch.’ Sa rap as se mar koenen, sleepten de sân jonge geitsjes stiennen oan en treauwen dy yn it liif fan de wolf, safolle as der mar yn koene. De âld geit naaide hastich de bûk wer ticht. De wolf fernaam der neat fan. Hy beweegde net iens. Op it lêst hie er de sliep út. Fan al dy stiennen yn it liif hie er sa’n toarst krige, dat hy gie oerein om by de wetterput wat te drinken.

Mar doe’t er him yn beweging sette, slingere er raar hinne en wer. En de stiennen by him yn it liif rôlen oerelkoar hinne. Doe rôp er: ‘Wat rommelet en bommelet dêr sa by my yn it liif? Ik tocht dat it sân geitsjes wiene, mar it binne allinnich mar balstiennen.’ Hy bûgde him foaroer om wat te drinken. Mar doe rôlen de swiere stiennen dy’t er yn it liif hie nei foaren en sa rekke de wolf yn de put en moast er jammerdearlik fersûpe. Doe’t de sân geitsjes dat seagen , rûnen se derhinne en rôpen bliid: ‘De wolf is dea’. En mei de mem dûnsen se fan wille om de put hinne. En se libben noch lang en lokkich.

Tank oan Jaap van der Bij en Jan Breimer

Kontaktgegevens

Keetwaltje 1
8921 EV
Ljouwert

T: 058-2138913
E: ynfo@fryskebeweging.nl